contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (67)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
 

De kat

As je dan dochs fan doel binne de hier op te sizzen en de kat de bel om te hingjen,  dan kinne je dat better yn eigen hûs dwaan sa’t Tjisse Steenstra dat snein yn Bitgum die. Der sille noch wol in pear inktpotten fol oer skreaun wurde, ek al is dat fansels in folslein achterhelle útdrukking no’t it papier op wei is nei de útgong. Op dit momint is it in saak fan keatsen op corona-ôfstân want it papieren poadium is der dit jier net. En dan sjogge je dochs oars nei it keatsen. It fielt in bytsje as swimmen sûnder wetter, je hoege de golfkes net yn ‘e gaten te hâlden, je hoege de mominten dat in partij ferlern wurdt ek net op te skriuwen.
 
Yn oare tiden hie it yn Bitgum keatsen ‘om levende have’ west sa’t dat ien kear yn de fiif jier bart. Fansels is dat tsjintwurdich ferbean. It is lang lyn dat de partij op snein yn Bitgum oerslein is. Miskien wie de moed wat fuort nei de ‘fiifde woansdei’ fan july. It sil in moaie junioarenpartij west ha, de jonges sille wat senuweftich west ha no’t der sa folle minsken om it fjild stienen. En dan ek noch op it Sjûkelân. De jonges wienen te jong om troch te ha dat it eins ien grutte klaaikeamer wie. De ferskillende generaasjes kleefden oan de wite taffeltsjes, de hollen waarden almar reader en de boppeslaggen wienen froeger sa fier dat de beide tuorren allinne noch op Lego boartersguod liken.
 
Nei in oerke wer op wei nei de útgong want as der ien sportwet is, dan is dat wol dat je nea tusken de minsken sitten gean moatte dy’t yn it ferline de klaaikeamer dield ha. Dan binne je in fremdling, ien dy’t ferdwaald is, ien dy’t yn de wei stiet as Piet de Jong oer 1972 ferteld wat hy tocht oan de opslach op 5-5 en 6-6. It is foarby en gjinien wit hoe’t it echt gie. Dat makket ek neat mear út, it is op sa’n dei de diesel wêr’t in keatser fan froeger op rint. Dus wêrom soenen je sân of sûker yn dy tank goaie.
 
Je binne kening yn eigen bernekeamer, je litte de plaatsjes oan it behang hingje dy’t yn je eigen ‘helden’ ferhaal passe. Al it oare giet yn de kontener, it past net yn it plaatsje. Sels tinke je betiden dat je de kening fan de ‘observatie’ binne en dan is it moai dat ien je betiden fan dy troan dondert. Kaam neist Jan Willem van Beem te sitten. Hy fertelde oer eigen keatsen en seach tagelyk alles fan de junioarenpartij want de soan die mei.
 
Hie him stikem yn it ferline wolris observeard, seach dan nei de skuon en tocht altiten ‘managersskuon’. It gie woansdei even oer sjoernalistyk, it is mar wat je opskriuwe wolle, it is mar wat je sjen wolle, sa sei hy. ‘As ik oer dy skriuwe soe dan kin ik it oer dyn hier ha, mar ik kin it ek oer dy suterige skuon ha, sûnder sokken. It is mar wat je sjogge.’ De sels beneamde kening fan de troan skopt, mei in boadskip fan wiisheid foar elkenien dy’t skriuwt.
 
Oer wiisheid sprutsen, sjoch Taeke op it fytske nei hait Reinder om rie no’t Tjisse de hier opsein hat. Moat tinke oan de keatsles fan 1985. Johannes Brandsma nei België, Reinder wie steld mei Johannes van Dijk en Lambert Postma foar trije wedstriden. Nei it perk Brandsma-Triemstra fan 1981 wie der nea in moaier perk as it perk Van Dijk-Triemstra. Miskien wienen der wol bettere perken, mar de emosjonele ladingen fan dy perken wienen as opium foar de minsken dy’t der nei seagen.
 
Mar no de les fan 1985. Trije kear op rige wûn dit partoer de formaasje partijen. Mear as trije koe it net wurde want Reinder wie frege troch Sake Saakstra en Piet-Jetze Faber, en Reinder hie dy PC…. Ek al spile de duvel dermei yn dy finale fan de PC fan 1985.  Reinder tsjinoer Van Dijk, Reinder mei it garânsjebewiis yn ‘e bûse dat hy mei dizze maten de PC winne soe. Van Dijk waard kening, Reinder wie by de oaren de iennige dy’t goed wie, foarbêst op yn it lêst, mar it wie net genôch.
 
De les is fansels dat ‘successen in het verleden’ gjin garânsjes binne foar de takomst. Mar in noch wizere les is ‘it is mar wat je sjen wolle’ en dat is in Tjisse dy’t der foar kiest om net stikken te gean. Want wat hy yn dy trije jier dien hat, hâldt gjin keatser lang fol. Dus hat Tjisse yn eigen doarp foar eigen takomst keazen. En wa sil him ûngelyk jaan.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Suppliers