contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (65)

Tekst & foto: Rynk Bosma
 

Balkeearder65HerreKingma1_Fotor kopie

Seefûgels

As je it libben sjogge as it Waad, dan soenen je graach wolle dat de seefûgels dy’t troch de loft sirkelje der altiten wêze sille. En net, as je even wat oars te dwaan ha en dan wer oan de prachtige waadkust sitten geane dat der dan seefûgels fuort flein binne om nea wer werom te kearen. It binne de wetten fan eb en floed en je kinne der mar in bytsje oan dwaan.
 
Dat Sytse van Wieren fuort flein is, wie gjin ferrassing. Sytse van Wieren wie yn 1959 de man dy’t by it keatsen yn Marsum by de jonges in ienmans VN fredesmissy foarme mei in taal dy’t no net mear passend wêze soe: ‘De earste de bêste dy’t noch ien kear de bek iependocht, skop ik persoanlik de jarresleat yn.’
 
De reden wie in groepke Ljouwerters dy’t harren bestellen fielden en dat op in wat minder sportive wize toanden. Nei de missy fan Sytse wie dat oer krekt lykas no it libben fan de sprekker fan doe oer is.
 
Ek Herre Kingma, de pake fan keatser Enno Kingma, hat it Waad ferlitten en is fuort flein. In prachtige, karakteristike kop, altiten Bildts pratend. Stil op it bankje it keatsen fan pakesizzer Enno folgje. In ‘loden last’ dat ivich trou op de bankjes sitte fan it keatsen en sjen nei wat Enno Kingma oan de opslach die. De sirkel fan it libben op syn kop want eins hie syn soan, de heit fan Enno Kingma dêr sitte moatten. De heit dy’t in soan ferlear, de soan dy’t in heit ferlear, in pake dy’t der foar twa sitte moast. Snein kaam der in ein oan syn libben.
 
Spitich dat Enno Kingma net mei de krâns fan de Rengers nei hûs gean koe, spitich dat dy trouwe supporter de holle del lein hat. En wylst Gabe Leeuwen it fjild fan Sint Anne opkomt en fertelt dat it partoer Van der Bos der net folle fan makke hie, giet it tinken wer nei it Waad dat sa ticht by Sint Anne leit. Nei in kollega columniste dy’t dizze kear net de krêft hat om foar de folgjende Keats in column te skriuwen. Want der stiet even mear op it spul dan it skriuwen fan in column.
 
Je steane op de seedyk fan it libben en je wolle de seefûgel dy’t troch de hurde flagen fan de wyn fan it libben alle kanten úttreaun wurdt graach in skouder biede om even út te rêsten, even by te kommen foardat sy wer opnaam wurdt troch de wyn. Mar de seefûgel fleant te heech, je kinne der net by. En dus bûge je de holle foar de seefûgels dy’t net mear te sjen binne. Dus litte je Herre Kingma noch ien kear op in foto op in bankje sitte. En je binne der wis fan dat dy krânse fan Enno foar him der komt.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers