contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ op 5 december

De 55+ hat ferline woansdei (5 desimber) wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De 55+ hat ferline woansdei (5 desimber) wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere gong it oan en om 16.30 oere wie de lêste slach by de partoeren 113 en 114 fan de list. Dan kinne de kenners útrekkenje, dat der 114 keatsers mei dienen. Om op tiid klear te wêzen, moasten dizze kear de A-keatsers alle trije partijen mei earsten gelyk begjinne. Om 16.50 oere begûn Piet Bosgraaf mei de priisútrikking en tsjin fiven winske hy elkenien in wol thús ta. Understeande keatsers hawwe trije kear wûn en krigen in rollade mei foar thús. A-klasse: 1e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. 2e. Jan Sytsinga, It Hearrenfean. 3e. Jouke de Roos, Luttelgeest. 4e. Jan Feenstra, Winsum. B-klasse: 1e. Lykele Buwalda, Emmen. 2e. Rinze van der Veen, Cornjum. 3e. Uiltje Velstra, Idaard. 4e. Jouke Punter, Wommels. 5e. Siep Berkepas, Balk. 6e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 7e. Leendert Terpstra, Frjenstjer. C-klasse: 1e. Henk de Vries, Drylst. 2e. Joop Langhout, Drachten. 3e. Rein Bonnema, Snits. D-klasse: 1e. Anne Baarda, Menaam. 2e. Ype de Vries, Gytsjerk. 3e. Sipke Wiersma, Sint Jabik. 4e. Theo Smit, Frjenstjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers