contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (62)

Tekst en foto: Rynk Bosma

 

Bútsoekers

It is lykas preekjen foar in lege tsjerke, it is as in jeneverfles mei kraanwetter der yn, of noch slimmer in wodkafles mei wite ranje. Je sjogge nei de flesse, tinke oan de wrâld dy’t by elke ‘neut’ moaier wurdt en dus dan noch mar ien. Dat sil mei wetter of ranje dus neat wurde, it fjild fan Weidum is no oerlevere oan de dichters dy’t fuort dreame kinne by boppeslagen dy’t nea bard binne. Ek wol moai trouwens want in sport dy’t fergetten wurdt troch dichters, ferliest net allinne de sjarme fan de ivichheid, mar ek de sjarme fan it geheugen. En fansels it moaie keatsferhaal dat aloan moaier wurdt as de boaiem fan de fles yn sicht komt.
 
Oer sicht sprutsen, prachtich is noch altiten it sicht op Swarte Haan troch de lens fan Marty Slager. Hy lit ús meisjen hoe’t moarnsier it ljocht it wint fan it tsjuster fan de nacht, tapaslik yn in tiid fan griene sportfjilden sûnder beweging. Mar it ljocht fan de dei wurdt noch wat mear bykleure troch it ferhaal fan Leendert Ferwerda, ek oer Swarte Haan wêr’t ea in tsjerke stie: hurde wyn en in dûmny dy’t oan it bidden wie: ‘Als het Uw wil is dat het schip moet vergaan, laat dat dan zijn voor de kust van Zwarte Haan’. It echte evangeelje foar in ‘bútsoeker’ as Leendert dy’t der fuort by fertelt: ‘Niet alles wat hier ferteld wort, is waar fansels’.
 
In hiel oar sicht is it as it oer de PC fan de froulju giet, der wie gjin sicht eins. Want de media hienen it oer it al of net trochgean fan de PC, en fansels kaam de Freule ek even lâns, mar gjin wurd oer de Zeinstra’s, de Wijnia’s, Anne Monfils, Ilse Tuinenga of Manon Scheepstra. Want litte wy in dei nei trije maaie net ferjitte dat Weidum ek de arena fan de froulju yn augustus is, as it PC is. Gjin Frouljus PC of letter yn it jier in Frouljus PC, dat is de fraach dy’t oant no ta net steld is. Trouwens wol oan de keatssters fia in enquête fan VVK’er Harmke Siegersma.  Sil Anne Monfils aansens de trein yn Grins wol nimme sa as op ‘e foto, of is it dit jier in spoar dat dea rint en wurdt it miskien it boemeltreintsje fan behelpen, fan ferhalen oer keatsen yn stee fan sels te keatsen.
 
It ûnderskatten fan it keatsen fan de froulju en alles wat der by komt sjen, kin betiden sinten kostje. Pieter Scharringa is al jierren in goede sponsor fan it keatsen fan de froulju yn Dronryp. It wie in ôfdielingspartij fan in pear jier lyn al wer en Dronryp woe krekt as ferline jier yn Damwâld in ‘statement’ meitsje troch it prizenjild even heech te meitsjen as by de mannen. Fansels even sitte yn de tinte, even neist pake Hessel Dijkstra sitte. Dijkstra wie dy dei in rike pake mei trije pakesizzers yn ien partoer. It partoer fan Peins dus, Hiske, Anne Berber en Marrit Zeinstra dy’t doe noch net yn Grins wenne.
 
It waard almar drokker op de tafel by Pieter en Hessel, de ‘gepluimde ridders’ hienen de gong der yn en pake Hessel waard op oantrunen fan Pieter wat oermoedich. ‘Ik ferdûbelje it prizenjild fan myn pakesizzers hjoed!’ sa rôp hy. En hy tocht fansels, dy pear bûssinten dy’t dy froulju as priis krije is ek de muoite net wurdich. Dus doe’t ien fan de suskes harren melde by pake, frege pake wat de jildpriis wie. Hy skrok al doe’t hy hearde dat de trije suskes 600 euro bard hiene, de twadde priis leau’k. No sa folle hie pake dy deis net by him….’Mar hy stie der al foar hear’, sa lake ferteller Pieter letter.
 
Miskien moatte wy it keatsen dit jier sjen troch de eagen fan in ‘bútsoeker’. Alles wat oanspielt oan partijen is meinaam, mar rekkenje der mar net al te folle op. Litte wy mar neist dûmny Hendrik Dijkstra silger fan Wommels op de preekstoel stean gean en mei him bidde: ‘Als het Uw wil is en het kaatsen kan doorgaan, laat ons dan als getuigen langs de ‘touwen’ staan’.
 
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers