contact zoeken wedstrijden

Piet Jetze Faber yn alles in sportman

Tekst: Rynk Bosma

Op de site van de KNKB staat vijf weken lang een karakteristiek van de vijf kaatsers in de top van het puntenklassement aller tijden. Vandaag wordt die serie afgesloten met de klassementsleider sinds 3 september 1990. En dat is Piet Jetze Faber met 885 punten. 

Piet Jetze Faber keatste fan 1973 oant 1992 en wie yn alles it tsjinoerstelde fan de man, Hotze Schuil dus,  dy’t hy op 4 septimber 1990 yn Achlum yn it puntenklassemint foarbygie. Yn lingte lyts tsjinoer grut mar dat wie net de grutste tsjinstelling, wol de maklikste want wa’t nei de beide keatsers sjocht kin dat sels wol fêststelle.
 
It grutste ferskil lei yn de wize fan oan sport dwaan yn in oare tiid. De tiid dat de sportwittenskip stadich opkaam, in tiid mei mear frije tiid. Keatsers begûnen te trainen en wienen altiten dwaande mei it materiaal om ‘e hannen dat ein jierren santich yniens oars waard mei de nap. Mar dat wie net it hiele ferhaal. Piet wie in atleet dy’t der alles oan die om better te wurden. In keatser dy’t neitocht oer eigen sport en ek oer de sterke en swakke kanten fan de tsjinstanners.
 
Piet stie foaryn en yn syn bêste tiid koe hy ek samar achteryn terjochte. In foarynse mei in twadde opslach. By syn opkomst yn de jierren santich wie Piet mear as wa dan ek in spegel fan syn tiid. Lange blonde manen en dêrûnder dy ‘martiale’ hingsnor wêr’t in seerover fan Hollywood jaloers op wêze koe.
 
Piet libbe yn in tiid dat der gjin romte wie foar in nije mythe lykas Hotze. Dat boppeste plakje yn it puntenklassemint wie foar him ek net it hiele keatslibben. De omjouwing woe graach dat hy Hotze ‘pakte’ as wie dat it bewiis dat hy better wie as Hotze. Dat komt wol faker foar, minsken dy’t graach wolle dat de keatser fan harren tiid ek yn punten de bêste wurdt.
 
In sleauwe en faak pleatste bal as twadde opslach en gjinien wie flugger by de opslach by it útslaan fan de achterynse as Piet. As de bal nei de boppe gie, wie Piet al op wei nei de opslach. Dat hearde doe mear by it spul as no en miskien hat dat wol te krijen mei de snelheid fan de bal, en dus de snelheid fan it spul. 
 
Wat it stellen oanbelanget wie it efkes sykjen foar Piet. Yn 1975 as achterynse samar de PC winne mei Klaas van Wieren en Johan van Seijst. In ferrassing eins want yn dy tiid wie Piet gjin achterynse, hy socht om it juste plak en de juste man dy’t hy yn 1976 fûn. Yn it foarperk en mei opslagger Sake Saakstra en dy kombinaasje hat mear as tsien jier duorre. ‘Wapenbroeders’ yn it keatsen mei deselde opfettingen yn spul en tarieding. Wite raven dy’t om de feesttinten hinne rûnen.
 

 

PietJetzeOpsl_Fotor

Mar ek twa keatsers dy’t hege easken stelden oan de tredde maat achteryn. Yn de jierren tachtich wie it faak net maklik foar harren  om in goede achterynse te finen. Net elk woe dat en faak luts Piet it diplomatenpak oan om de kjeld yn it fjild tusken achterynse en opslagger wat út de loft te heljen. ‘Piet wie hast altiten goed, sadat it op it lêst net mear opfoel’, sa sei in maat oer him. 
 
Piet wie tusken 1982 en 1984 ‘ongenaakbaar’ op de PC en miskien wie 1984 wol syn bêste jier. Yn elts gefal wie Piet yn dy fameuze finale fan de PC miskien wol de kening sûnder kroan dy’t twa punten te min krige op 5-5 en 6-6. Miskien wie it wikseljild dat betelle waard foar de kearen yn 1975 en 1990 dat de PC him mei de opslaggers as sjauffeurs fan de ‘bushalte’ ophelle, hy hoegde allinne mar yn te stappen. 
 
Piet sels sil it as earste tajaan, hy wie bûten it fjild wat oan de saaie kant, koe wat dat oanbelanget Hotze net byhâlde dy’t op de PC hast ivich en altiten om it fjild rûn en elk koe him. Piet koenen je oer de holle sjen en hy socht it heldendom nei it keatsen ek net op, sa’t Hotze dat wol die.  Hy lei nea wekker fan it puntenklassemint, hy leit net mear wekker fan it keatsen, ferfeelde him betiden tidens de PC fan 2019. It keatsen kin him net sa folle mear skele, dus is hy net it dreamde profyl fan in klassemintslieder. Mear in man dy’t it hekje  nei de boarterstún ‘keatsen’ op slot dien hat as de tiid fan in oare Piet Jetze Faber, in tiid wêryn hy him no net mear thús fielt, in tiid dy’t west hat. 
 
Dus moatte je keatsers net fergelykje op grûn fan punten want alle keatsers ha úteinlik mar ien fêste maat yn de krite, en dat is de tiid en dy bepaalt diels de punten. 

PietJetze1 2_Fotor

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers