contact zoeken wedstrijden

Jan Meijer 1937-2019

Tekst: Rynk Bosma

Der binne mar in bytsje keatsers dy’t by libben al harren namme jouwe oan in keatsferiening. Jan Meijer wie der ien fan en de opslagger yn oare tiden hat in grut diel fan syn libben yn Jirnsum sliten. Op 19 novimber 2019 kaam der in ein oan it libben fan Jan Meijer. En wa’t in bytsje tusken de regels troch lêze kin, wie dat net alhiel ûnferwacht yn ferbân mei sykte. 
 
Jan Meijer syn widze stie yn Rie, berne op trije maaie 1937 en de ierappelloads efter hûs joech oan dat heit yn ‘e ierappelhannel siet. Foar in opslagger mei ambysjes in boarterstún fansels mei al dy krieljirpels dy’t der om fregen om fuort te slaan. Heit wie foarsitter fan keatsferiening Klaas Mug en dan witte je it wol. Jan learde neffens eigen sizzen it bûtsen efter hûs en gie as opslagger de striid oan mei oaren.
 
Net in keatser dy’t ferdwale soe yn eigen krânsen, wol in folhâlder dy’t ploege mei de talinten dy’t hy meikrige hie. Lyts fan stik en neffens guon koe Jan wol lulk en dan kaam it net goed mei de rjochting fan de opslach. En dat wie dochs al faak in probleem by Jan Meijer. As hy wis wie, koe hy elk perk de baas, mar it Fryske wurd ritich koe wol útfûn wêze mei Jan Meijer foar eagen.
 
De krieltsjes as boaiem foar letter, krekt lykas in pear kilometer fierderop ûnder Doanjum AEbe Haima de krieltsjes oer it dak sloech fan de âlderlike buorkerij, allinne wat earder yn de tiid. Jan Meijer wie links en de boekhâlders ha it tal punten opteld en kamen oant in lytse 150 punten. In moai tal, mar net allegearre helle yn de earste klas. Neffens datselde telraam hat Jan 86 punten helle yn de earste klasse en de oare punten helle Jan yn de twadde klas. Ein jierren fyftich gie Jan Meijer oer nei de earste klas, mar hy trof it net. Der wiene maatskiplike saken dy’t wichtiger wienen, sa as it heljen fan de haadakte. Dat wie doe noch in apart ûnderdiel fan de ‘kweekskoalle’.
 
Jan Meijer komt yn it doarp Nes terjochte, yn de Dongeradielen en hy heart ta in ‘minderheid’ yn in streek wêr’t it CFK foarbêst opslacht. Fjouwer jier oan in iepenbiere ienmansskoalle ear’t de koffers pakt wurde om nei Jirnsum ôf te reizgjen. Jan Meijer sels fûn it in prachtige tiid en de keatsklup fan Nes krige syn namme. Mar ek yn Jirnsum wie Jan teplak want hy is der nea wer wei west.
 
Foar in soad minsken wie Jan Meijer de man mei dat wite krultsjehier, de man dy’t yn 1965 as in soarte fan David de reus Goliath wist te ferslaan. Of om it yn keatserstaal te sizzen, de reuzen Rienk de Groot, Sjoerd Heeringa en Johan Halbesma lotten yn de earste omloop tsjin Jan Meijer, Jappie Mulder en Bouke Scheffer.  De opmerking op de lotting fan Rienk de Groot dat dit in ‘eitje’ wie, like net echt handich. Mear motivaasje hienen Jan Meijer en syn maten net nedich, de favoriten gienen der ôf. Je ha betiden fan dy partijen, elke bal stuite krekt de goede kant út, de opslachballen foelen krekt binnen de linen. Dan ha je foar efkes de dei yn ‘e macht, mar dy dei soe mar ien omloop duorje. Want in oare sportwet seit dat it in omloop letter faak dien is, en yn 1965 wie dat net oars. Der ôf tsjin de lettere winners Hein Zijlstra, Martinus Santema en Gerrit Langerak. Net sûnder kânsen trouwens want de mannen ha noch mei 4-3 foarstien.
 
Jan Meijer keatste oant 1974 en doe wie it dien. In moaie leeftiid, 37 jier, om op te hâlden. Jan Meijer hat altiten leafhawwer west, hy wie yn syn jierren net echt de top, net ien dy’t elk wykein mei in krânse thús kaam. Mear subtop lykas Jelle Kooistra of Jappie Mulder, mannen dy’t ien kear yn it jier alles fuortsloegen sa’t Jan Meijer sa no en dan ien kear yn it jier  in perk omsloech. 
 
Yn 1991 krige Jan Meijer in ûnderskieding fan de KNKB. De prachtige foto op de roukaart lit in feale mof sjen, der neist in bal op in âlderwetske skûteldoek. In mof sûnder hân der yn, de bal leit stil, dat hat west want de telegraaf wie fol.
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers