contact zoeken wedstrijden

Hotze Schuil: ikoan mei lange broek

Op de site van de KNKB staat vijf weken lang elke vrijdag een karakteristiek van de vijf kaatsers in de top van het puntenklassement aller tijden. Vandaag nummer twee op die ranglijst en dat is Hotze Schuil (1924-2005) met 876 punten. Jarenlang de vaste nummer één maar sinds september 1990 gepasseerd door Piet Jetze Faber. 

Eins is alles al sein en opskreaun oer Hotze (1924-2005) sa’t hy hjir neamd wurde sil. Hy keatste offisjeel fan 1945 oant 1967, mar kaam as ynfaller oant 1972 noch yn aksje. Grut yn alles en eins de iennige dy’t mei syn lange fuotten yn twa tiidfakken stie en ek dêryn wie Hotze unyk te neamen. Wat de wrâldskiednis oanbelanget hie Hotze syn tiid net mei. As opgroeiend bern wienen Taede Zijlstra en Sjouke Helfrich miskien syn helden, de lêste PC-winners foardat de oarloch útbrúts mei puber Hotze oan de sydline. Mannen fan in oare tiid. Mannen net allinnich fan in oare generaasje mar ek fan in oare wize fan keatsen.
 
Yn 1945 wie de oarloch dien en koe in troch de oarloch skeinde Hotze sjen litte wat hy koe. Opslagger mei de stimpels fan de hege bal en de pleatste bal. De keatswrâld hoechde net lang op De Lange te wachtsjen, sa’t syn bynamme wie. Mei de al like jonge AEbe Haima geregeldwei oan syn side. En Sjouke as ikoan fan de tiid fan foar de oarloch achteryn. En dêr waard tsjin opsjoen, want Sjouke hie Hotze derby helle en hat altiten sein dat Sjouke him keatsen leard hat. It ferhaal hi eek in oare kant en is te moai om it net te fertellen. It siet in kear goed fêst mei Sjouke op de PC en AEbe frege Hotze ‘Dit moat oars, do mar even yn it perk’. ‘Fraagstou ut him even?’ Sa grut wie dus it respekt foar de ‘lytse bakker’ Helfrich.

Hotzesite1

Wat de PC oanbelanget lei de grutte tiid fan Hotze tusken 1945-1953 doe’t hy seis kear de PC wûn en trije kear kening waard. Mei 1953 as syn bêste jier doe’t Hotze 57 punten hie. Betink dat yn dy 25 jier nei 1945 der mar fiif kear fyftich punten of mear helle waarden mei Klaas van Wieren yn 1970 mei 58 stiks.
 
Sels hat Hotze altiten sein dat hy mear punten helle hie as hy yn de jierren fyftich foarynse wurden wie. Dat woe hy ek wol graach mar troch tsjinwurking fan de bond hat hy dat mar heechút twa jier dien ein fyftiger jierren. Fansels hie Hotze der sels wol wat op útfûn, geregeld stelle mei in foarynse dy’t him samar it perk útstjoere liet. En dan falt fansels de namme fan de te guodlike Sikke Olivier, ek fan Harns.
 
Hotze rint der yn de top fiif noch altiten út en dat hat alles te meitsjen mei de tiid wêr’t hy yn keatste. As ‘havenarbeider’ rûn hy der ek út, gjinien hat yn de top fiif fysyk mear switte moatten foar de sinten as Hotze, skippen lade en losse, mei basaltblokken kroadzje en simmerdeis op it keatsfjild hâlde it ek net oer wat prizenjild oanbelanget, ‘Onbetaalde circusartiesten’ neamde Wijtse Vlietstra it ris in kear.
 
Sa’t al earder sein is, mei ien foet yn ‘e earmoede begjinne en oan de ein mei ien foet yn de opkommende ‘welvaart’ stean. Hotze waard in held yn ‘e sechstiger jierren, in ikoan mei in lange broek dy’t al lang net mear yn de tiid paste. Sels hie Hotze betiden ek muoite mei de nije tiid, de nije generaasje fan krachtpatsers yn it perk dy’t neffens him wolris te min respekt toanden mei útsûndering fan de Van Wierens, dat wienen syn grutte maten fansels. Hotze as mythe troch de tiid fan libjen en keatsen, de lêste mythe miskien wol want de tiid fan no is net mear gefoelich foar mythes.

Hotzefotosite2

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers