contact zoeken wedstrijden

Taeke Triemstra: karakter en klasse

Deel 3 in een serie over de top vijf van het puntenklassement aller tijden

Tekst: Rynk Bosma

Op de site van de KNKB staat vijf weken lang elke vrijdag een karakteristiek van de vijf kaatsers in de top van het puntenklassement aller tijden. Vandaag, in verband met vakantie iets later, nummer drie op die ranglijst en dat is Taeke Triemstra (1982) met 790 punten. Derde sinds de partij in Bitgum van dit jaar. De enige kaatser van de top vijf die nog actief is. 


Tink net dat der ien fan de fjouwer keatsers yn ‘e top fiif fan it algemien puntenklassemint mear mei dat puntenklassemint dwaande is as Taeke Triemstra. Soks leit ek foar de hân want Taeke is no in hiel ein op wei nei de top en mei de spannende fraach fan ‘hoe fier kin ik komme’ wurdt hy betiden elke dei wekker. Foar Taeke wat mear spannend as foar de oaren en ek dat leit foar de hân want de oaren slagge net mear tsjin in bal oan, de punten steane fêst. Mar by Taeke is der noch in oare spanning, en dat is de fraach hoe lang wol en foaral kin it lichem noch mei. 

DSC_4748

 
Fan de oare kant fan de sydline besjoen liket Taeke de lêste twa jier in stik better as de jierren dy’t al wat fierder yn de skiednis lizze. Wannear begjint in keatser nei te tinken oer dy ivige ‘Adelaarskalinder’ sa’t dat by it reedriden neamd wurdt. Dat it al jierren yn syn holle sit is wol dúdlik, yn Arum frege ik him om syn adres, Taeke wennet yn in strjitte dy’t neamd is nei in keatser. Doe’t hy syn adres neamde kamen de punten fan de keatser fan de strjitnamme der efteroan mei de opmerking: ‘Like folle as ús heit’.
 
Taeke wie 17 jier doe’t hy op de PC in tredde priis wûn, achteryn en mei in izersterke ferminst opslach.  En dan ha wy it oer it jier 2000. Taeke is yn syn keatslibben krekt lykas de man dy’t hy no foarby is, Wiep van Wieren, oerstapt fan achteryn nei foaryn. Yn dy earste tsien jier achteryn hie Taeke syn bêste jierren doe’t hy steld wie mei Johan van der Meulen as opslagger. It ‘dreamferbond’ fan de beide heiten kinne je ek sizze. Mei as bêste jier 2006 doe’t de geroutineerde Kor Zittema de foarynse wie. Foar Zittema in kadootsje dat jier want yn oare jierren kaam Zittema net faak oan de krânsen ta. En yn dat jier it anker fan lykwicht en stjoer yn it partoer. Ek it jier dat Taeke kening fan de PC waard.
 
Fanôf it jier 2010 gie Taeke keatsen mei opslagger Gert-Anne van der Bos wêrmei hy no 101 kear in earste priis mei wûn hat. De twadde tsien jier yn it keatslibben fan Taeke ha bepaald hektys west, mei as absolút djiptepunt it jier 2014 doe’t Taeke nei it berikken fan de heale finale op de PC net fierder koe troch syn skouder. It hat wilskracht yn it kwadraat west foar Taeke om de moed net op de wyn fuort fleane te litten. Der ha wis fan dy mominten west, mar toch, syn maten Daniël Iseger en Van der Bos ha him de tiid jûn. Dêrmei wie alle lijen noch net foarby want doe oppenearre dy sykte him.
 
 

DSC_2861

Mar de lêste twa jier skynt de sinne wer oranje. Mei Taeke yn it foarperk witte je as achterynse dat it swier wurdt want Taeke moat de ballen net ha, seker net as dy oan de hege kant binne. Even rikke mei syn 1.98 en fuort binne se, foaral as der in seis oan de telegraaf hinget. Dochs hat Taeke de tiid mei wat wurk oanbelanget, der binne opslaggers mei sa’n gong, dy’t in bal achteryn as te risikofol beskouwe, dan mar tuskenyn…en sa kin Taeke geregeldwei sa’n sân of acht ballen fuortslaan.
 
Dat útslaan is fansels bysûnder, sa’n moaie slachtechnyk, Taeke past by de nap sa’t Eine kleine Nachtmusik by Mozart heart. Karakter, klasse en kwaliteit, mar of dat genôch is om nûmer ien te wurden wit gjinien, miskien wurdt it oer fjouwer jier wol tiid foar in oare folchoarder fan de top trije.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers