contact zoeken wedstrijden

Sake Saakstra: ‘alles foar it keatsen’

Deel 1 in een serie over de top vijf van het puntenklassement aller tijden

Tekst: Rynk Bosma

Op de site van de KNKB staat vanaf vandaag vijf weken lang een karakteristiek van de vijf kaatsers in de top vijf van het puntenklassement aller tijden. Dat was het onderwerp ook op de besloten sponsorbijeenkomst van KV Foarút in Marsum.  Omdat het een besloten bijeenkomst voor sponsors was, kon niet iedereen erbij zijn. Ate de Jong deed de interviews als vrijwilliger, Rynk Bosma gaf als vrijwilliger een korte karakteristiek van de kaatsers in de top vijf. Sake Saakstra (1954) staat met 770 punten op plek vijf en kaatste van 1972-1990.

Mei de opkomst fan opslagger Sake yn 1972 kaam der wat nijs op de keatsfjilden. Sake begûn achteryn mar gie al gau oer op de opslach. Dy opslach allinnich al wie oars as oars, it like wol as helle Sake de bal foar it liif wei. Gjin ien sloech sa op en allinne de opslach fan Hans Wassenaar docht tinken oan de opslach fan Sake.
 
Mar dat wie net alles, ek yn oare opsichten wie Sake in wite raaf yn in generaasje dy’t graach efkes neisiet. Dat foel pas op doe’t Sake yn 1976 stelde mei Piet Jetze Faber, yn sekere sin ek in wite raaf. Sa’t it yn de ‘verzuilde’ maatskippij foar minsken dy’t nei tsjerke gienen in kwestje wie fan ‘Alles voor de Heer’, sa wie it mei Piet en Sake steld wat keatsen oanbelanget. ‘Alles foar it keatsen’ en faker as ien kear fuort nei hûs. Kom dêr ris om mei mannen as Johan van Seijst, Gerrit Okkinga, Minne Hovenga of Klaas van Wieren.
 
It komt wol faker foar dat keatsers net maklik binne foar harren sels. Ek Sake wie net maklik foar himsels en lei de latte heech. En dat ferwachte hy ek fan oaren. Eins kaam de echt grutte trochbraak yn de twa lêste partijen fan de PC fan 1976. Yniens begûn it te rinnen by Sake en yn de finale hie hy Durk Talsma en Piet faak beide foar te stean. Fansels holp it donkere waar him wat, mar je moatte it mar doarre tsjin in perk mei Klaas en Wiep van Wieren dy’t oant de finale hast alles fuortsloegen.
 
It wie de Sake fan de earste perioade, de kening opslagger dy’t elk perk omslaan koe. Begjin jierren tachtich kamen der barstjes yn want Sake rekke blesseard en keatste yn de twadde helte fan syn keatslibben altiten mei in brace. ‘It knappe fan Sake wie dat hy nei dy blessuere in oare rol op him naam as opslagger. Foar de blessuere keatste it perk yn tsjinst fan opslagger Sake. Nei dy tiid keatste Sake as opslagger yn tsjinst fan it perk’, sa sei Johannes Brandsma ris in kear.
 
Der siet fenyn yn Sake, en dat kaam him by dy blessuere tige fan pas. In streek op de muorre sette yn in sportsealtsje yn Wergea en dan elke dei hûndert ballen opslaan. Want dy knibbel soe him der net ûnderkrije. It paste by it karakter fan Sake, it ferhaal gie dat hy betiden nei in minne partij fuort nei hûs gie en himsels in ‘straftraining’ oplei.
 
Sake wie ek net maklik yn it fjild, Piet moast faker as ien kear it diplomatenpak oanlûke om de frede wat te bewarjen tusken de achterynse en de opslagger. Sake wie ek net echt bliid mei de opkomst fan de nap. Syn beswier wie dat net elkenien mei in gelikense want keatste, der siet nochal wat kwaliteitsferskil yn it materiaal wêr’t mei slein waard.  En dat fûn hy net earlik en miskien hie hy wol gelyk yn dy tiid.
 
Tusken 1979 en 1983 elk jier de PC winne en elk jier hie hy it publyk tsjin sa’t dat giet mei toppers. Miskien siet it geheim fan Sake wol yn dy prachtige útspraak fan letter: ‘Om te winnen moatte je doarre te ferliezen’.
 
Sake hat noch ien rekôr yn ‘e bûse en dat is it tal prizen dat hy mei fêste maat Piet wûn hat. Dat is 103, Taeke en Gert-Anne steane no op 101 as ik my net fersin. Dus dat wurdt takom jier ek ferbrutsen nei tritich jier.

SakeSaakstra(1)

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers