contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (58)

Tekst & Foto: Rynk Bosma
 

Gala

De ferkleure blêden fan septimber komme yn it sicht, it rûkt al nei hjerst en dan witte je, der is aansens wer in keatsjier foarby. In keatsjier dat je op ferskillende wize besjen kinne. Mar oer augustus kinne je sizze dat it de moanne wie mei in haadrol foar it wurd gala. 
 
Nim OKK fan Bitgum, in nije opset, de feesttinte op ‘e drompel fan it keatsfjild, minsken ûnder in parasol op in terras nei it keatsen sjen. Hoe moai wolle je it ha? De geast fan in oare generaasje hie der in nij stimpel op drukt, keatsen en it ‘dorpsfestival’ op de selde dagen en je kinne no al sizze dat it mei it sluten fan augustus as keatsmoanne in galafoarstelling wie fan OKK.
 
Gelokkich fûnen de minsken dat ek want der wienen gâns mear minsken as yn oare jierren en dat bewiist mar wer dat de Van Aismadagen noch altiten in moai plak ynnimme by in soad minsken. Yn de tinte, mei in echte bar, moaie foto’s ophongen en de hoed fan Corry Veenstra stie dêr ek te pronkjen. Spitich is it dan ek dat guon der net mei de hannen ôfbliuwe koenen en dy hoed meinaam ha. Is it no sa folle frege om dy hoed as earbetoan oan dy aardige Veenstra dy’t dei en nacht altiten klear stie foar it keatsen ien kear yn it jier trije dagen lang it fertsjinne poadium te jaan sûnder der mei de hannen oan te kommen?
 
En dan it keatsen yn augustus. As der ien wurd fan tapassing is op it ferrin fan de grutte partijen, dan is dat wol it wurd gala. En dat yn ferbân mei de kombinaasje foarstelling. In galafoarstelling yn Weidum fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra.  Wat in talent, wat in ‘gratie’ en wat in tûk keatsen mei de ynset fan alle talinten. Wijnia mocht de earste twa omlopen wat mear wurk dwaan en doe naam Scheepstra it oer om it ôf te meitsjen. 
 
Trije dames yn galajurken fan Peter Hahn tusken oare partoeren dy’t krekt by Zeeman nije klean kocht hienen, sa like it wol. Of dat foar it keatsen ek goed is bliuwt de fraach fansels. Dochs krijt Weidum de lêste jierren elk jier 200 nije oanmeldingen foar kaarten. Dus kaam der dit jier foar it earst in nije tribune by, mei frije sit want Weidum wol it graach noflik hâlde, net te grut wurde want dat kin it fjild fan Nije Kriich ek net oan.
 
Mei oan de ein dochs dat galarûntsje fan Jan Suierveld mei in krânse om de nekke dy’t der nei 43 jier mei ophâldt. In fertsjinne earbetoan oan de man dy’t dochs mar even it keatsen fan de froulju in prachtige PC jurk oanlutsen hat dy’t noch elk jier moaier wurdt.
 
It like wol in grap fan hegere keatsmachten dat Taeke krekt yn Bitgum it tredde plak fan Wiep van Wieren ôfpakte. Want Bitgum wie dochs altiten it plak fan de Van Wierens, harren twadde thús. Robert wûn der ien kear, Klaas sân kear en Wiep acht kear. Sneon like folle punten en in dei letter trije punten mear. En dat barde yn in galafoarstelling, hast like sierlik as de keatser Taeke sels. En dat is fansels wol in moaie bykommende slinger mei ek Gert-Anne skerp as yn syn bêste dagen. En sa sette je dat tredde plak dochs krekt wat mear yn de sinne fan de ivige gloarje.
 
In galafoarstelling yn trijedielich pak mei fêste patroanen, sa sei buorman Richard Miedema. Op fjouwer gelyk om mei twa net al te grutte keatsen yn it perk en it dan ôfmeitsje, sels gjin fouten meitsje. En dan liket elke tsjinstanner fansels op in foddenkeapman.
 
Foar de minsken om it fjild hie it wol wat spannender mochten, hoewol Tjisse fansels alle keatsherten al lang yn de bûse hat. It bier wie krekt sa kâld as oars, Van Aismadag 2.0 yn alle opsichten tige slagge mei Tjisse as kening yn eigen doarp. Wat wolle je as OKK noch mear, want Tjisse wurdt lykas in lyts gouden keatsbaltsje foar ivich yn alle keatsherten meidroegen.
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers