contact zoeken wedstrijden

Lytse en grutte keatsen: Fan reinklean en sinne as in raket nei Amstel

Tekst en foto's: Rynk Bosma 

Healweis de dei stienen de karmasters noch strak yn ‘e reinklean it spul fan de jonges yn ‘e gaten te hâlden op de Jongensbond yn Moarre-Ljussens. Mar Pluvius seach dat it goed wie yn it doarp mei de swart griene kleuren fan KV Warber Bliuwe. Mannen en froulju hienen it wer geweldich foar elkoar, sa seach ek HB bestjoerslid Durk Kuperus fan de KNKB. ‘Is der net in oar wurd foar Diva dat by dizze klup past?’ sa frege Kuperus. Ha wer wat nijs leard, want it Italiaans hat ek in wurd foar de manlike heldentenor, Divo. Mar om dat wurd no te brûken soe Liesbeth Wijtsma wer net yn it fertsjinne sinneljocht sette. Sy rydt de hiele dei op de elektrise auto it fjild rûn, kofje en broadsjes, AA drink, en ien kear op in dei Snickers en Marsen, yn ‘e laadbak.
 

Jongensoverzicht_Fotor

Dus lúts Pluvius him al rillegau werom om de sinne wat romte te jaan op it fjild dat dwers foar De Bûtser lei. Earst op twa fjilden en letter yn ‘e list op ien fjild. Fansels hie elk partoer in coach. Op it fjild faak ien of twa sterke keatsers dy’t dan oanfuld waarden mei in balkearder. Betiden wiene de balkearders oan de lytse en jonge kant en snapten de jonkjes betiden net alles.
 
Sa as Rink Rudmer Sterk fan Berltsum, dy krige in bal op ’e poat en snapte even net wêrom de punten nei de oare partij gie. De coach rôp: ‘Kom mar krigest him op ‘e poat’,  mear as gerêststelling dan as ferwyt. Sjoch dat binne de coaches, dat binne de mannen dy’t keatsers ek noch treaste kinne, dy’t witte dat it spultsje op dy leeftiid mear is dan allinne winne.
 
De sinne kaam der by en op wei nei de finale waard it hieltiten spannender. Jan-Willem van Beem wie tink ik oan rûntsje 338 ta, mei fiif omlopen wol dat wol, en dat bleau hy dwaan oant de finale dien wie. Noas nei de grûn, sa no en dan even stilstean om in slach ôf te wachtsjen en dan mar mei ‘ferme pas’ fierder. Trijekwart hat hy sjoen, nei eigen sizzen, want Jorn Lars van Beem wie de grutte man yn it partoer. 
 

Van Beem_Fotor

Foar de heit fan Karel Monfils gie der in wrâld iepen doe’t hy it filmke fan Richard Miedema beseach wêryn de grutte man fan Kimswert fertelde wêrom hy ferlern hie. Hast as in folwoeksene, heit hie net tocht dat jonges op dizze leeftiid al sa relativearje kinne…. Je soenen hast sizze, wer wat leard dus, wer in ‘oanname’ de see ynstjoerd
 
Doe’t de finale begûn wie it foar de measte karmasters dien, it wurk fan de mannen siet der op en dus koenen de mannen oan de Amstel fleskes. Healweis de finale krige Moarre besite fan buorman Paezens-Moddergat en dan net fia de achterdoar. ‘Dat is hjir tradysje’, sei Bouwe Stiemsma foar safier hy te ferstean wie. Want de muzyk, of neam it mar it kabaal mei de oerhearskjende bastoanen lieten de bestjoerstinte hin en wer gean as wie it in skommel.
 
 

GoedrustenLenGKeats_Fotor

Op it hichtepunt fan it lawaai wie de fersierde wein mei in raket derop boud mei allegearre minsken oan board op hichte fan de Bûtser. It is de tradysje fan Paezens-Moddergat om by it doarpsfeest mei de fersierde wein troch de doarpen yn de omkriten te riden, hoe gekker hoe better is dan it motto. 

Raket

Doe’t ek dat oerwaaid wie en de spannende finale dien wie, kaam fansels it momint fan Ruurd Rispens fan Wjelsryp. Hy hie de krânsen makke en wie op it fytske nei Moarre riden. Hy mocht dus sels de krânsen omhingje, trije stiks om de nekke fan Jorn Lars van Beem, Rick en Mark Minnesma. Eins hie Rispens ien te min makke, en dy hie hy sels om ‘e nekke ha moatten. Mar dat wol net fytse op de weromreis fansels. En de oaren sieten nei de lêste stuit fansels al oan de Amstel.
 

KransRispens_Fotor
Rispfiets_Fotor

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers