contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (48)

Tekst en foto: Rynk Bosma
 

Vergeet-me-nietjes



It sil 1977 of 1978 west hawwe en de twadde klaspartij wie yn Bûtenpost, de namme seit it al, net it sintrum fan keatsend Fryslân. It wie ek de twadde kear dat Johannes Brandsma meidie oan in partij foar ‘senioren’ en syn earste priis. De priis dy’t doe wûn waard soe foar ivich ferjitten wurde as it rjocht syn beloop krigen hie. Mar it wie yn Bûtenpost noch op oare wize in bysûndere dei, it wie 25 jier lyn dat de guodlike Gerrit Groen fan it Bildt it wûn hie, dêr kaam noch by dat Gerrit ek noch jierdei wie dy dei. Dus Gerrit yn de keningskommisje want de namme fan dy blauwe blomkes ‘vergeet-me-nietjes’ waard yn eare hâlden.

It partoer fan Frans Groen, Dirk Wiersma en Johannes Brandsma wûn dy dei de priis en Johannes hie de hiele dei alles dien behalve blokjerinne. Foarbêst op, achteryn en foaryn. Dus hy koe wol yn it midden stean gean…. Mar de kommisje mei Gerrit Groen woe it oars ha, je sjogge it al foar je. Twa Wâldpiken dy’t braaf knikten doe’t Gerrit Groen sei:  ‘ôns Frâns’ is hjoed kening. De oare twa knikten want Groen kaam fan de keatshoeke en dêr ha se ferstân fan keatsen… De krânse hie al lang fergetten west as dit ferhaal der net oan fêst siet.

Werom nei de keatshoeke, werom nei de snein dat Kees van der Schoot de dei fan syn libben hie op de boppe en yn it foarperk. Fyftjin ballen yn twa partijen op de grize bougrûn slaan tsjin opslaggers as Marten Bergsma, Tjisse Steenstra en Gert-Anne van der Bos. Dan binne je in menear, om noch mar te swijen fan de retourslaggen op ‘e boppe.

En dan krije je trije punten fan de keningskommisje…de geast fan Gerrit waard warber yn Sint Jabik of sieten der trije Wâldpiken yn? Of ha de mannen yn de biertinte sitten doe’t de mannen yn it blau tsjin de oranjemannen moasten. Op 1-0 en 4-6 twa fan Kees op de ivige ierappellannen, Taeke die trouwens it selde op 3-0 en 6-4 mar dêr giet it no net om. It giet net om boppeslaan, mar om it effekt fan dat boppeslaan. It stramyn fan de platte bal moast ferlein wurde, dus gruttere kâns op kwea, sa’t Menno ek it stramyn ferlizze moast mei de lingte fan Taeke foaryn.

Dat Kees seis boppesloech wie skrikken oan de oare kant, dus mear risiko mei mear bûten (11) fan de mannen. Sjoch dan winne je de partij wol foar yn it perk, ek al ha je gjin twadde opslach. Yn de finale wie it net oars, Bergsma sloech earst net min op want dan sizze sifers net safolle. Nee hy en Hans krigen njoggen om de earen en dat hat altiten syn neiskokken. 

Miskien wurdt it tiid dy blauwe blomkes fan stâl te heljen, de vergeet-me-nietjes, of sa’t yn it Friesch Dagblad stie: ‘Misschien kan een dozijn blauwe ‘vergeet-me-nietjes’ wonderen doen bij een volgende koningscommissie’. 

It ferhaal achter dy blomkes mei dy aparte namme is te moai om net te fertellen. In ridder wie mei syn grutte leafde ûnderweis en ear’t hy ferdronk goaide hy syn dame blommen ta mei de tekst Vergeet Mij Niet! De betsjutting kin ek grutter wêze dan allinne de namme fan wat blommen.

Sjoch nei de famkes op de foto, it hier wurdt dien as soenen se jûns noch op stap nei in lange dei blokjerinnen yn Moarre. It libben leit eineleas foar harren fuotten, der is noch in hiel skoft te gean. De wrâld ûnder dy hege Waddenhimel boppe Dokkum ken gjin grinzen of seediken wêr’t it ophâldt. En dan geane de tinzen fansels út nei de jonges fan KV Winsum. Twa kear mei alle hout oerlibje en dan de krânse op seis punten misse. 

Mar dochs prachtich dy twadde priis foar de jonges fan Johannes Boersma. Je komme as Jelmer Kuiken,     Hessel Postma en Gosse de Haan werom yn Winsum, miskien mei it giele shirt stiif fan rein en swit noch yn ‘e tas. De sneins sille se miskien by it pearkekeatsen noch efkes de ‘roes’ fan in dei earder noch in dei linge kinne. It spat allegearre út elkoar as der in jonge fan tweintich jier nei it pearkekeatsen mei syn mem ferstjert. Miskien wie hy in ‘rolmodel’ foar de jonges, want krekt in pear jier âlder. De earsten en stannen fan in dei earder spatte útelkoar as wie dat der nea west. It skaad fan dat ôfbrutsen libben sil altiten oer dy twadde priis fan Winsum hingjen bliuwe. Want wat is alles oan ‘e hang as je sjogge dat in doarpsgenoat mar in earst meidwaan mocht yn it echte libben. Je winskje dat de blauwe blommen fan de vergeet-me-nietjes as symboal fan ivige leafde foar ivich bloeie sille yn de hollen fan de neibesteanden.

Vergeet-me-nietjes
Vergeet-me-nietjes
Balkearderfot48A_Fotor

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers