contact zoeken wedstrijden

Oer de keatswille fan de broers Van Zuiden

Tekst: Jelle Bangma
Foto's: Henk Bootsma

It wie in bysûnder keatsjier foar de broers Thomas en Peter van Zuiden. Sy wûnen ûnferwachte de PC mei harren maat Allard Hoekstra. It wie de twadde kear foar Thomas en it waard it tredde bledsje oan it Klaverke Fjouwer foar Peter. In noflik petear mei de beide mannen yn har âlderlik hûs yn Tsjerkwert.
 
Thomas (27) wennet op himsels yn Boalsert en Peter (25) noch riant by syn âlden. Se hawwe beide it Cios dien en Thomas wurket by it Bewegingscentrum Leeuwarden, wylst Peter yn in garaazje wurket, mar graach wer oan ’e stúdzje wol en him rjochtsje wol op ‘e bou. Mar dat is allegear mar bysaak. Beide mannen libje mei ynmoed foar it keatsen. En dat se dêr in protte plesier oan belibje, dat witte de minsken dy’t har geregeld keatsen sjogge. De keatswille spat der ôf by partoer Van Zuiden. Thomas wist al wat winnen wie: hy wûn de PC yn 2012 mei René Anema en Hendrik Tolsma en waard kening. Peter docht foar him net ûnder: hy wûn earder al de Freule (2010) en de bûnspartij foar Junioaren (2015).

Se bekenne dat se yn in moai blokje sieten op de PC, mar dochs. Thomas: ,,Ik bin wol in echte publykskeatser. Hoe mear publyk, hoe leaver ik it ha. Lêst fan senuwen hat ús partoer noait hân. Oaren steane soms stiif fan ‘e senuwen. Wy binne nuchter en hawwe de goede fokus.” Partoer Patrick van Dellen waard ferslein mei 5-3 en yn de twadde omloop krige partoer Marten Bergsma mar ien earst.

Yn ‘e heale finale waard it sterke partoer fan Bauke Triemstra oan ‘e kant set mei 5-4. Yn ‘e finale wachte dêrnei it huzenheech favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos. It gie lykop en it slagge de favoryt net om in spul foar te kommen. Beide broers beseffe dat it samar oars ôfrinne kinnen hie, mar as underdog yn de finale keatste it frijút en hoegden se neat te bewizen. Se wûnen de finale mei 5-5 en 6-2. Allard waard PC-kening, grif fanwege syn dûbelfunksje. Dat waard him gund, mar neffens Thomas hie broer Peter de titel ek fertsjinne, as sjoen waard nei de prestaasjes fan him oer de hiele dei.

Peter as fulltime opslagger hat in moai knikje yn ‘e bal en fielt him prima by syn funksje. ,,Utslaan haw ik eins noait sa goed leard. Ja, op ‘e Freule stie ik wol foaryn en sloech foarbêst op, mar dêrnei haw ik my rjochte op it opslaan. Wy traine by keatsskoalle Arum en dêr haw ik in soad leard fan Gerrit Okkinga. Goh, wat wie dy man ek grutsk doe’t wy de PC wûnen. Hy kaam der oare deis daalk om my te felisitearjen.”

DSC_9247.

De broers hâlde beide ek fan it psychologyske spultsje en sille it net litte om de tsjinstanner te kiteljen en te niteljen. As de tsjinstanner der ôfpraat wurde kin, dan is dat ek prima. Fierder litte se harsels net sa gau fan it stik prate. Ek net as PC-lid Theunis Bakker foar de finale fan de PC by har komt mei de fraach om yn in oare kleur shirt te keatsen, om’t partoer Van der Bos ek yn it oranje keatst. Peter: ,,Dat fûn ik nuver, dat wy ús dan mar ferklaaie moasten, dus dat haw ik wegere.” It gefolch wie dat beide partoeren yn it oranje op it fjild kamen.

Thomas wit ek om te gean mei tsjinslaggen. Hy kaam werom fan in lang revalidaasjetrajekt yn ferbân mei syn knibbel. ,,Ik ha in nije foarste krúsbân krigen en de binnenste meniskus is fuorthelle. Ja en eins hienen wy dit jier noch net iens safolle mei ús trijen keatst en inkeld wat lytse pryskes wûn. Dat makket de PC oerwinning fansels noch mear spesjaal.”

DSC_8334.

Se beseffe ek dat it spesjaal is om as broers yn itselde partoer te keatsen en dan de wichtichste partij fan it jier te winnen. Faak is dat noch net foarkommen. Earder dienen dat ûnder oare de broers Chris en Jacob Wassenaar (2005) en de broers Klaas en Wiebren van Wieren (1977/1978), mar dat is it dan ek wol sawat. De broers bliuwe ek yn 2019 byinoar en se hoopje dat Allard ek it hiele jier noch mei har keatse sil. Thomas: ,,Want it is fansels it aldermoaiste dat wy mei ús trijen de titel yn 2019 ferdigenje kinne. Dat barde mei ús partoer yn 2013 net en dat fyn ik altyd noch spitich.” Fierder binne de winsken net sa grut. As der op ‘e nij mei wille keatst wurdt, sille der ek wol prizen komme. Peter: ,,Mar de bûnspartij foar senioaren winne, dat stiet no fansels wol op ien by my, want dêrmei soe it klaverke kompleet wêze. Fierder wol ik Bitgum ek wol winne, no’t ik dêr twa kear twadde wurden bin.” Thomas: ,,Ik soe in klassiker as de Aldehou wol winne wolle, mar ek de partij hjir yn Boalsert, want dat is my ek noch noait slagge.” De broers Van Zuiden binne noch lang net útkeatst, dat mei dúdlik wêze.

DSC_9353

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers