contact zoeken wedstrijden

Leo Vogels 1923 - 2018

Foar Leonard Hubert Vogels sil der nea in nûmer 87 komme, mar leafst 86 kear wie Leo sa’t hy neamd waard altiten der by op de PC. De op 22 jannewaris 1923 berne Vogels ferstoar op 5 novimber 2018 yn it selde doarp Tsjummearum wêr’t de widze ek stien hie. En sa kaam der in ein oan in lang en ryk libben fan in keatsleafhawwer dy’t nea fan in oare leafde witte woe. En dan net allinne as taskôger, mar ek op it fjild hie Vogels de nedige suksessen ek al duorre dat mar koart.
 
Fansels is it altiten sneu west foar Vogels as it oer de PC fan 1942 gie.  Hieltiten mar wer praat oer dy oranje shirts fan Jan Rodenhuis, Feite de Jager en Frans Helfrich. Pieter Breuker lit yn it boek Lytse bal, grut spul Jan Rodenhuis oan it wurd:  ‘Tot onze verwondering waren helemaal onderin de drie oranje shirts te vinden’. Skiednis hat letter  it tafal opfarve.  Je soene hast ferjitte dat Leo H. Vogels mei Klaas Falkena en Lammert Heeringa ek yn ‘e finale stienen en fansels it publyk tsjin hienen troch dy oranje shirts.
 
Mear as in earst ha de mannen net hân en de ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante tinkt benammen oan ‘overmoed’ yn de finale by opslagger Klaas Falkena en dat paste eins net by de man fan Boalsert. Yn de heale finale wie hy better as ea tsjin ûnder oaren ‘Swarte Johannes’ Brandsma en de twaling Hoekstra fan Pitersbierrum. Oer de oranje shirts trouwens gjin wurd yn dat ferhaal, of der mocht net oer skreaun wurde, of it ‘statement’ fan oranje shirts waard der letter oan taheakke.
 
LC-sjoernalist Joop Hooiring is yn 1942 eins wol bliid dat de âlde garde fan it keatsfjild ferdwynt. Fansels wie it ek foar Vogels efkes wennen doe’t hy tsjinoer de grutte Taede Zijlstra fan Wytmarsum stie. Yn 1940 net mear echt de grutte Taede mar grut genôch foar Vogels om de tabaksbonnen oan de Wytmarsumer te jaan.
 
Vogels is eins in bern fan syn tiid. As soan fan Emile Pierre Louis Vogels dy’t oerstuts fan it doe noch fier fuort lizzende Blerik yn Súd-Limburch kaam Leo Vogels al betiid yn de fruithannel terjochte. De grinzen fan Leo leinen eins folle fierder as de fruitkistjes yn Tsjummearum. Leo gie nei de HBS yn Harns, mar doe’t hy yn 1938 weromkaam fan in keatspartij ried de lykwein foarby en Leo wist wêr’t dy wêze moast, by him thús. Leo liet de HBS foar wat it wie en gie oan it wurk.
 
In bern fan syn tiid en dat betsjutte dat it grutte meunster fan de fuotbal noch net yn it doarp te sjen wie. Op skoalplein keatse yn de perken fan petten en klompen, it wie lykas in ansichtkaart fan dy jierren. De PC fan 1940 wie de earste PC dat Leo meidie, 17 jier âld, en it tafal woe dat Johannes van Sinderen syn maat wie, de man fan Ternaard dy’t dit jier ek ferstoar.
 
Keatsen wie de grutte leafde fan Leo Vogels dy’t as mins tige noflik yn de omgong wie. Mei oare wurden  Vogels wie in aardich mins mei each foar de mienskip as foarsitter fan de keatsklup, as lid fan de TC tegearre mei Hans Knol. Yn 2015 lei Vogels as keatsleafhawwer ûnder it fergrutglês fan de Ljouwerter Krante want syn gong nei de PC soe nûmer 83 wurde. Yn in pear pinnestreken wurdt Vogels delsetten, op de Gastribune, de reinklean oan en tidens it petear sjitte de eagen oer it Sjûkelân om mar neat te missen. Twa wiken earder hie Vogels noch mei in longontsteking yn it sikenhûs lein en syn grutste soarch wie doe net better wurde, mar kin ik wol nei de PC.
 
Wa’t sa folle krúskes efter de namme krijt as Vogels moat ek merkbite dat it libbenspaad wolris iensum wurde kin. Hy wie ûnderskieden mei de Orde van Oranje-Nassau, hy wie earelid fan de Rederijkerskamer Onno Zwier mar hy wie benammen in mins dy’t graach minsken om him hinne hie. Kaam him steefêst tsjin by de partij yn Minnertsgea, op ‘e fyts tegearre mei syn frou Johanna Rienks. Hy makke altiten graach in praatsje, mar de lêste pear kear hâlde hy syn frou tige yn ‘e gaten, as wie hy diels oppasser.
 
Op 22 maart fan dit jier ferstoar syn frou en bleau Vogels allinne oer. In mins allinne op it lêste stikje paad, in mins mei ‘niget oan it libben en noch sa folle kriich’ sa’t yn de advertinsje stie. In mins ek dy’t him as leafhawwer fan de PC net fuort jeie liet troch in pear drippen rein want ‘De PC dêr moatte jo hinne’, sa’t Vogels sei. De teller sil by Leo Vogels altiten op 86 kear stean bliuwe.

1942
Freule 1961

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers