contact zoeken wedstrijden

Johannes van Sinderen 1929-2018

Tekst: Rynk Bosma
Foto: kaatshistorie.nl

foto: De finaleparturen van de Oldehovepartij in 1954. Links voor Johannes van Sinderen met naast hem Johannes Zijlstra en Jan Venema. Achter v.l.n.r.: Aebe Haima, Hotze Schuil en Dreeuwes Smedinga.

De op 18 april 1929 berne Johannes van Sinderen soe yn syn libben net fier reizgje. Hy bleau syn hiele libben it doarp Ternaard trou en oan dat libben kaam op 29 septimber 2018 in ein. Mei it ferstjerren fan Van Sinderen ferdwynt de lêste keatser dy’t de ôfdielingskleuren fan Ternaard op de Bond yn de prizen wist te keatsen yn de fyftiger jierren. No trof Van Sinderen it fansels tige mei in doarpsgenoat as Roel Hoekstra dy’t yn it grut spul krekt wat mear winne soe as Van Sinderen.
 
De bûnspartij winne wie foar it Ternaard fan doe krekt in stap te fier, dat slagge pas yn 1980 doe’t der in nije lichting keatsers dy ôfdielingspartij yn Frjentsjer wol wisten te winnen. Je kinne fansels sizze dat Wiep Dijkstra en Jan Dijkstra fan Nes kamen en dat allinne Willem Oberman fan Ternaard kaam. Yn 1950 sieten Roel Hoekstra, broer Jan van Sinderen en Johannes van Sinderen yn it partoer en dy kamen wol alle trije fan Ternaard mar tichter by as in tredde priis siet der net yn.
 
Eins keatste opslagger Van Sinderen in bytsje yn it skaad fan slachter Roel Hoekstra dy’t ek krekt better yn de maten siet as Van Sinderen en dy’t de PC wol wist te winnen. Yn 1955 wie Van Sinderen der tichte by mei in tredde priis en yn 1956 wie dat net oars. Doe keatste Van Sinderen mei Pieter de Haan fan Ikkerwâld en Elias Zijlstra. Hy waard mei eare neamd yn de Ljouwerter Krante yn de rubryk Spel en spelers: ‘Joh. Van Sinderen die weer een van de beste opslagers was’, sa wie it oardiel fan Germ Beintema.
 
Dy lytse preemje moast fier wei komme yn de earste omloop tsjin Meindert van der Weerd, Corrie Hoekstra en Wijtse Vlietstra. Hoekstra wit noch dat hy doe tige senuweftich wie foar syn earste PC  en der kaam by dat de tarieding ek min wie. Vlietstra wie yn 1955 kening wurden en moast earst yn de koets mei PC-foarsitter Klaas Bijlsma. Mei nûmer 1. op de list waard doe gjin rekken hâlden. Mei 5-3 foar tsjin Johannes van Sinderen, Pieter de Haan en Elias Zijlstra en dochs noch der ôf.
 
Hoekstra neamt de opslach fan Van Sinderen ‘constant en wisselend’ en dat betsjutte dat Van Sinderen in soad fariaasje yn de opslach hie. Net in echt bûtser, ‘Hij zat er tussenin’, zo herinnert Hoekstra zich. Yn de heale finale moast de yn Amsterdam wenjende soan fan Taede Zijlstra de bal wol oernimme mar ek dat joech neat, it partoer gie der ôf.
 
Yn it gewoane libben wie Van Sinderen feekeapman en Hoekstra wit noch dat hy net in man fan de neisit wie. Wat dat oanbelanget koe Corrie Hoekstra dy oare Hoekstra fan Ternaard better want Roel siet wol graach nei. Mei trije keningstitels wie 1956 it bêste jier foar Van Sinderen dy’t 71 punten by elkoar keatste tusken 1949 en 1959. In beskieden keatser mei in lang libben wêr’t dus op 29 septimber in ein oan kaam.
 
 
 

wpe4f4f80a_05

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers