contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (36)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Jou ta, it stie hjoed al yn in krante dat Maarten van der Weijden de iennige echte reus fan Fryslân is. In man dy’t op dit momint al mear as fiifenfyftich oeren yn it wetter leit en yn de rin fan ‘e middei troch syn dokters út it wetter helle is. Ien wêr’t heal Fryslân foar útrint en terjochte. Dwergen binne it yn Ljouwert, grutte poppen sûnder siel mar wol moai fansels om te sjen. Doe’t dy keunstner neffens de krante wol twa oeren oer Fryslân prate koe nei in stikmennich kear op besite west te ha… tocht ik dat de kolonisator fan hûndert jier lyn noch altiten libben wie, allinne hat hy no in oare jas oan. Hy soe wol efkes sizze hoe’t it hjir sit, in sykte wêr’t wol mear minsken lêst fan ha.
 
Mar werom nei it keatsfjild, werom nei de reuzen fan de frije formaasje by de mannen. Beide partoeren stienen yn de finale tsjin elkoar oer en úteinlik giene Kingma en syn maten wer ris mei in krâns nei hûs, en dat wie lang lyn want Sint Jabik leit hast in minskelibben efter ús. Sa’t je yn in heal oere dy Reuzen nei ien kear wol sjoen ha, en dat nei twa oeren wachtsjen, sa sil de gewoane leafhawwer fan it keatsen dy formaasjewedstriden no hast ek wol sjoen ha. De glêzen bol kin thús litten wurde want it is gjin kwestje mear fan ‘voorspellen’.
 
En dat liket dochs in grut gefaar foar it keatsen, de krânsen lizze al hast yn de bagaazjerekken fan de BMW-riders en hiel inkeld moatte se op it lêste momint oerladen wurde nei wat beskiedener automerken. Se hâlde it wol spannend yn dy finales dat wol. Mar as je gjin famylje of op oare wize belutsen binne by de ‘gouddelvers’ yn it oranje, dan kinne je de keatstoto thús wol op de bank ynfolle.
 
Of je moatte lykas Ieme de Haan oeral wille om ha en de hiele middei as in drok baaske rûn it fjild rinne. It pilske sûnder dop yn ‘e bûse, in artistike Frânske baret op, moaie skildereftige jas oan en rinne mar. Efkes stil stean by in slach en ‘Hup Bos’ roppe, of it sjekje op ‘e nij oanstekke want dat ha je mei dy riisfloeikes, je kinne der langer mei ta. Miskien wie Ieme, soan fan Hiele de Haan, wol de meast fitale taskôger yn Kimswert, yn elts gefal in man dy’t him gjin tel ferfeelde.
 
Mar hy wit ek, der komt altiten wer in oare dei of oare dagen, in dei sûnder keatsers, in dei mei it útsjoch op de keale bouekers rûn Kimswert. In dei dat der gjin boatsjes of muzykkorpsen binne om it You’ll never swim alone yn te setten. Alles wat moai is wurdt wei, mar net alles wat wei wurdt is moai. In moai motto foar de keatswrâld om yn de winter om tafel.
 
Mei twa agindapunten, meitsje de wedstriidaginda koarter, it is hjir al earder sein,  en it kin wol mei wat minder formaasjewedstriden ta hoe spitich dat ek is foar de mannen yn it oranje. Mar it is goed foar jonge keatsers, it is goed foar in net foarsisbere takomst en goed foar de spanning en ferrassingen. It wetter fan de Ie tusken Burdaard en Dokkum leit der no stil by, it wie in heldenepos fan in mins tsjin de wetten fan de natoer, te moai om mei de tiid wei te wurden. By it keatsen is ek genôch wat net wei wurde mei. Ek op de dei fan Maarten, de tweintich boppe yn trije partijen fan Taeke, wurde mei de tiid miskien tritich om it ferhaal moaier te meitsjen. Dat jildt ek foar dy slaggen mei stuit fan Tjisse en Hans. Ek hjir jildt dat alles wat moai is weimakke wurdt troch de tiid. Oan de oare kant is it ek sa dat net alles wat wei wurdt altiten moai is.
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers