contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (31)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De mannen fan Yn ‘e Bocht yn Makkum hienen it healweis de finale wol besjoen. De earste giele soldaten mei wite helmen marsjearden al ûnder de parasol troch, de brede rêgen nei it keatsfjild ta. Derfoar hienen de mannen al wat kibbeling yn de haven fan harren mage dellein want der moat fansels wol in brede basis wêze no? No moat ek sein wurde dat de mannen al hiel wat wurk út ‘e wei setten hienen, ek dy prachtige krânsen hienen sy makke, dus lit it leger dan mar komme. Bin bang dat de soldaten dy waarme sneon oeroeren makke ha.
 
Net dat de mannen net mear skerp wienen hear, want doe’t de altiten sjarmante Janny van der Meer earder fuortgie soe sy freon Johannes Brandsma in tút jaan, mar dy siet dêr midden tusken de minsken net op te wachtsjen, de mannen fan Yn ‘e Bocht wol, ‘It hiele rygje mar efkes lâns’ sa rôp ien fan it griene leger fan Yn ‘e Bocht wêrûnder in kollega fan Johannes. Dy sei dus ‘Dat moat mar net oars ha’k jûn de smaak fan dy yn ‘e mûle en dêr sit ik net op te wachtsjen’.
 
In dei letter nei Sonnenborgh, nei de sânflakten fan de Kalahari. Tritichtûzen liter wetter út in sleat achter de Ljouwerter wyk Westeinde wie net genôch om it grien te hâlden.’Er was geen houden aan’, sa sei de sjarmante nije foarsitter fan LKC Karel Nijman. Want de mannen hienen der fan alles oan dien om de helden fan it keatsen ta libben te bringen. Mar se hienen de tiid tsjin, tel mar op de finale op Wimbledon, de WK finale en it hite waar fan in libben op in boatsje.
 
“Keatskoppen’ sa hiet it spesjale boekje dat LKC útjûn hie ûnder it motto ‘Verzamel de handtekeningen’ en yn dat boekje stienen de ferskillende partoeren. Prachtich idee fan in bestjoer mei in jeugdich elan, om it mar ris yn it heal Nederlânsk op te skriuwen. It slút oan by de tiid fan no dy’t op de ien of oare wize helden nedich ha. Sjoch it magazine ‘Helden’.
 
Miskien is it in idee om dit boekje op de Aldehou wer út te dielen, dan keatse de jonges en famkes sels net mear en dan binne der mei de froulju derby ek mear minsken dy’t sa’n boekje ha wolle. De keatsers by de minsken bringe, en ferjit dan ek net in krabbel fan dy karmaster op de stoel op it LKC fjild dy’t de PC yn 1966 wist te winnen, Rienk de Groot. Of earder noch, Dicky van der Zee dy’t de PC yn 1960 wûn tegearre mei Jan Sijtsma dy’t snein ek op de Rengersdei wie.
 
En om wat tichter by hûs te bliuwen, foarsitter Karel Nijman, sneons noch kening fan de Horecapartij mar yn 2003 ek PC winner. Of de man fan de sinten fan LKC, Pieter van Tuinen dy’t yn 1997 en 2001 de sterkste wie oan de opslach.
 
Mei dit inisjatyf hat LKC yn elts gefal it keatsen tichter by de minsken brocht. En mear kinne je as keatsbestjoer eins net dwaan.  
 

Balkearder31

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers