contact zoeken wedstrijden

Heedaar! In wike lang keatswille yn Frjentsjer

Tekst: Jelle Bangma
Foto: Piet Douma

Heedaar! is de oansprekkende titel fan de keatswike dy’t yn Frjentsjer hâlden wurdt fan moandei 30 july oant en mei snein 5 augustus. Sintraal yn dy wike is fansels de PC op 1 augustus, mar ek op de oare dagen is der fan alles te belibjen.
 
Frjentsjer is noch altyd dé keatsstêd fan Nederlân en dat sil ek noait wer oars wurde. Wichtige wedstriden as de PC en twa oansprekkende NK’s (de Junioarebûnspartij en de Bûnspartij foar senioaren) wurde alle jierren spile yn de prachtige keatsarena op it Sjûkelân, dêr’t de beide tuorren hieltyd moaier de hillige grûn markeare. En dêr omhinne binne der tal fan oare prachtige partijen, sa as de Jonges ôfdielingspartij as generale fan de Freulepartij. Dat Frjentsjer (mei de jubilearjende Jan Bogtstra) him ek op oare mominten ûnderskiedt komt it keatsen inkeld mar te’n goede. Sa as no mei in oansprekkende keatswike, yn ‘e earste dagen fan augustus.
 
As foarsitter fan de PC joech Johannes Westra de oanset ta wat no de keatswike Heedaar! is. Want de PC realisearre har dat, yn it kader fan de programma’s fan Kulturele Haadstêd 2018, de PC en keatsstêd Frjentsjer net ûntbrekke mochten. Westra socht minsken om him hinne dy’t it idee mei oppakke koenen. Hy krige positive respons fan skriuwster Baukje Wytsma en teaterman Romke Toering. ,,Sa sochten wy doe ek de gearwurking mei de KNKB, it keatsmuseum en Sport Fryslân. Wy woenen in feestwike om de PC hinne, dy’t útein sette soe mei de lotting op moandeitejûn.’’
 
De tradysje wie dat dy lotting altyd plakfûn yn de Koornbeurs, mar no plakfynt op it Sjûkelân. ,,Ja, jo moatte saken loslitte doarre en ris oare wegen ynslaan. De keatssport sit yn ‘e lytse loege en dy moatte wy mei-inoar út it slop lûke. Dan moatte jo de tradysje soms ris oan ‘e kant sette.’’

De oanwêzigen sille no traktearre wurde op in teaterstik mei spilers as Theun Plantinga, Romke Gabe Draaier en Thys Feenstra. Yn it stik is de lotting in ûnderdiel wurden. It bywenjen fan de lotting wie altyd fergees tagonklik, mar der wurdt no in yntree frege. ,,De fraach is fansels oft de minsken dat der foar oer ha, mar it koe net oars. Allerhanne ynstânsjes hawwe finansjeel al bydroegen, mar it koe net rûnbreide wurde sûnder yntreejild.’’
 Yn 2016 droech Westra syn taken oer, doe’t hy reglemintêr ôfgie as foarsitter fan de PC. Hy die letterlik in stap tebek. ,,Want as jo it spul net mear spylje, dan moatte jo je ek net mei de spulregels bemuoie. Ik ha hjir yn Bitgum inkeld noch wat gedoente mei Lyts OKK, fierder net. It wie in prachtige tiid, mar it hat moai west.’’
 
Yntusken is in stichting yn it libben roppen en foarsitter dêrfan is Bram Bonnema. Dat bestjoer bestiet fierder út fertsjintwurdigers fan de PC, it HB fan de KNKB en keatsferiening Jan Bogtstra. Hja hawwe har inkeld as taak steld om de keatswike slagje te litten en heffe harsels neitiid wer op. De wike hat in ynternasjonaal karakter krigen. Want op tongersdei, freed en sneon wurdt it Europeesk kampioenskip ferkeatst. Op trije ûnderdielen – Ynternasjonaal spul, Wallball en Llargues – sille sân teams út seis lannen de striid mei-inoar oangean. De PC-lotting op moandeitejûn liket op foarhân in prachtige iepening fan de keatswike. Oanklaaid mei in unike keatsshow liket de lotting werklik spektakulêr te wurden. Mei filmbylden fan de spannende PC-finale fan 2017 wurdt it keatsferhaal ferteld en besongen. It orkest en it koar bringe nij wurk fan de komponisten Clara Rullmann en Peter van der Zwaag. Yn de foarferkeap kostje kaartsjes € 7,50 (oan de kassa € 10,00). It Sjûkelan iepenet de poarte om 20.00 oere en in oere letter begjint it programma.

Programma maandag Keatsshow met entree
Programma dinsdag tm zondag - gratis entree

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers