contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (21)

Tekst: Rynk Bosma
Foto's: Henk Bootsma

De iene kear is it wiete waar fan Weidum de reden dat it keatsen net hielendal brocht wat de minsken der fan ferwachte hienen. In wike letter baarnde de sinne it sicht út de eagen fan de achterynsen. De hege beammen efter it Bolwurk joech sa te hearren gjin genôch skaad. In keatser fan eartiids fertelde ris oer in ferlerne finale op de PC. De sinne baarnde doe krekt like hurd as no. De man snapte net hoe’t de ien der lêst fan hie en de oar net. Pas letter doe’t de partij foarby wie betocht hy dat dy Durk Talsma wol tige nuver achteryn stie. Wer in tel letter betocht hy mei de spyt fan efterôf dat dit syn reden hie, Durk gie sa stean dat der krekt wat tusken him en de sinne yn siet.
 
It hie Tinus Santema wêze kinnen want dy berekkene alles. Dy hie it stjerrenstelsel fan Eise Eisenga der by helle om it plak fan de sinne tidens de finale te berekkenjen. Wat dat oanbelanget wie Tinus wol in hiel oar man as syn doarpsgenoat fan Littens, Erwin Zijlstra. De ‘Zonnekoning van Franeker’ sa’t ik him neamde yn it Friesch Dagblad.  In krachtpatser dy’t wat sjokkend it fjild oerrint en op de fraach of in honkbalpet of sinnebril net handich wie dêr achteryn, sei hy ‘Dy rommel hoech ik net op de kop’, koarter kin it net sein wurde.
 
Want de ‘man van staal’ is like nochteren as it stiel wêr’t hy mei wurket en dat is yn in tiid dat de emoasjes hast op strjitte lizze as in wolkje tsjin de baarnende sinne, de noflikheid fan it skaad ûnder de beam. Want de ‘zonnekoning’ wie op 5-5 en 4-2 wol de iennige perkspiler yn dat earst dy’t de bal op de Bolwurken sloech en dêrmei fertsjinnet hy ek dy earetitel.
 
Ek Peter van Zuiden hie as opslagger de sinnekrâns op ‘e holle ha kinnen en miskien wie hy oer de hiele dei nommen wol de bêste opslagger. In bytsje der út, taktys stekt it yn de holle fan him goed yn elkoar en dan ha je de partij al heal wûn. Gerrit Okkinga tocht mei de opmerking ‘As je begjinne nei te tinken as opslagger, dan is it dien’ foaral oan Auke Boomsma fan Moarre. Ferline jier it grutte talint en no leit der wat druk op, hy begjint nei te tinken oer wat hy docht en dat moat net.
 
Want it praat fan de dei gie yn Frjentsjer oer it partoer fan Gert-Anne van der Bos fansels. Nei in earst wie it dien mei de rjochting fan de koopman fan Mantgum. Taeke mocht noch twa fan de fjouwer ballen dy’t hy krige fuortslaan, mar dat wie it wol. Want Peter wit wol wêr’t hy net wêze moat fansels doe’t hy mei 5-2 winst it fjild ôfstapte.
 
Fansels wie it praat: ‘wêr traine dy mannen eins sa lang op?’ en dat is ek wol in bytsje it maklike praat. Want je traine om better te wurden en as dan it seizoen begjint hoecht der neat te gebeuren of de duvel fan de twivel dy’t altiten meireizget op it skouder krûpt yn de holle en mis is it. Je begjinne nei te tinken oer wat je dogge en dan fleant it automatisme de efterdoar út.
 
Sake Saakstra sei eartiids al dat keatsen in gefoel is, dat ha je op in dei of je hawwe it net. De bêste fan de trije moat it measte wurk dwaan want dy hat it gefoel fan de dei, sa sei dyselde Sake. Erwin Zijlstra hie dat gefoel juster krekt lykas yn Dronryp in jier earder. Peter van Zuiden kaam ek yn de buert fan dat gefoel. Oaren hienen dat yn Frjentsjer minder of hielendal net. Mear is it net minsken, sport is net in optelsom fan trainingsoeren. By de ien past in soad trainen om dat gefoel te berikken, by de oar is dat wat minder. Mear is it net. Dus ophâlde oer de missers fan de opslagger, betink dat Menno van Zwieten der twa mear út hie yn de finale as Van der Bos yn de earste omloop. Dus minsken, ophâlde mei leedfermaak oer dat trainen. Gewoan sizze wat Taeke ek sei nei ôfrin: ‘Dy mannen ha goed keatst’.  Mear is it net, en wês bliid dat in oar ek ris wint.
 

FranekerErwinZijlstraScherp
FranekerPetervanZuiden

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Suppliers