contact zoeken wedstrijden

Keats! op freed: Gastcolumn Afke Hijlkema

Tekst: Afke Hijlkema
Foto: Anne Waterlander

In de Keats! van juli 2017 verscheen een gastcolumn van de hand van Afke Hijlkema. Een mooie column over de rol van ouders.

Wille foarop
‘As dit net in keatser wurdt’, sa stie skreaun op in kaart dy’t wy krigen foar de berte fan ús soan. En ek by de berte fan ús dochter kamen dizze opmerkingen foarby. It is bêst te begripen mei in heit en in mem dy’t it keatsen yn harren hert opnommen hawwe.

Hoe soe ik it fine? Tink ik. As beide of ien fan de bern sels de keuze meitsje foar de keatsbal. Stypje sille wy se seker. Mar de wille moat op nûmer ien stean. Te faak sjoch ik bern dy’t mear each foar heit en mem op ‘e bank hawwe as foar de bal en de maten. Gûle by in spul efterstân en dan mar wer yn oerlis mei de âlden op ‘e bank. ‘Ja mar dat slagget net’ of ‘Myn maat kin der niks fan’ en ek opmerkingen as ‘Doch ik it wol goed heit?’ Se geane my troch alles hinne.

Bern binne betiden sa ûnseker mei de eagen fan de âlden yn ‘e rêch. Hoe kin dat dochs?, freegje ik my ôf. Bern dogge it dochs altiten goed genôch as se mei in soad wille yn ‘t fjild stean? Wurde se dan thús al sa tasprutsen dat se de nije PC-kening as -keninginne wurde sille? Dy druk is fiersten te heech foar jonge bern. Se hoege mar ‘n pear wurden: ‘Ik bin grutsk op dy’. Ek as it net giet sa ast hopest. En haw it ris mei de bern oer dy goeie slach yn pleats fan oer de slaggen dy’t misgongen. En lit de âlder dy’t der net wie earst ris freegje: ‘Wie it leuk?’ en net ‘Hast wûn?’ Dêr giet it no dochs noch net om? As wol? Want dan moatte heit of mem efkes mei harren sels yn gesprek.

No sille der minsken wêze dy’t tinke: leuk mar do hast alles wûn en it gong dy altiten om winnen. Klopt as in bus! Ek yn de jeugd hie ik sels dy mentaliteit. Sels! Noait haw ik thús te hearren krige dat ik winne moast of de alderbêste wie. Gelokkich net, sis ik no. Want dat hie my de kop kostje kinnen. Dy druk fan in âlder kin in bern net hawwe. Se wolle altiten dat heit en mem grutsk binne, net allinnich bij súkses. En ik haw se sjoen, lilke heiten of memmen, pakes of beppes as der ferlern waard. Sonde!

Wol waard my thús sein dat ik myn maten altiten op harren gemak stelle moast en posityf benaderje moast. Ek al woe it net. Elk docht syn bêst nei eigen kinnen.

En sa komt ús famke by my mei heit syn want oan. Even keatse mem?? Jawis! Om dêrnei te freegjen: en no even mei de fuotbal ‘passe’? Ek prima. En dêrnei stiet se wer te springen foar ‘Kinderen voor kinderen’. We sjogge it mei in pear jier wol nei hokker sport se wolle. Wy fleane der wol achteroan, ek as dat betsjut dat wy noch 15 of 20 jier keatsfjilden ôf moatte. Ik hear de pakes en beppes al ‘Wit jim ek wat wy hienen froeger!’ sizzen.

Afke

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers