contact zoeken wedstrijden

In útstutsen hân....

Yn in petear by Omrop Fryslân hat Saakje Lettinga, foarsitter van KV Moed en Volharding te Doanjum, foarige wike oanjûn dat har feriening it lidmaatskip by it keatsbûn opjout en dat de KNKB har feriening yn de kjeld stean litten hat. Omdat dit perfoarst net it gefal is en om’t de KNKB gjin gelegenheid fan de Omrop krigen hat om dit ta te ljochtsjen, dizze reaksje.

Yn tsjinstelling tot wat de foarsitter by de Omrop en earder al yn de Frentsjerter Krante ferteld hat, hat de KNKB de ôfrûne jierren yn ferskate oerlizzen de KV Doanjum ûndersteuning oanbean. Ferieningsûndersteuning hat nammentlik wol deeglik sin. Dêr binne foarbylden te oer. De lêste trije jier hawwe in 25-tal ferienings dizze ûndersteuning hân fanút it Bûn en, op in pear nei, mei posityf risseltaat. Benammen in tekoart oan bestjoersleden spilet by mear ferienings. Us erfaring dêryn is, dat wannear in bestjoer stoppet, yn elk doarp meastal wol wer in opfolger is. De keunst is om dy te finen. Foarbylden binne de nije keatsbestjoeren yn Holwert, Hantum, Dokkum, Damwâld ensaf. Wy binne op dit stuit mei Wier yn petear, ek dêr is noch mar ien bestjoerslid. Foarich jier wie dat ek it gefal yn Surch, troch in tekoart oan bestjoersleden hawwe sy de kar makke om harren oan te sluten by Penjum.

Wêr’t it hjir om giet, is dat de foarsitter fan Doanjum dizze útstutsen hân net oannimme woe. Ek it oanbod om nei de lêste gearkomsten fan Doanjum te kommen, waard net akseptearre. Wy wienen net wolkom.

In twadde reden om by de KNKB wei te gean wie, sa sei de foarsitter, de kosten fan harren haadklassewedstriid. Doanjum woe mei harren lytse feriening jierliks in haadklassewedstriid foar manlju organisearje. Dat betsjut dat hja dan ek in haadklassewedstriid foar froulju organisearje moat. Dat binne ferplichtingen dy’t wy mei de ferienings ôfpraat hawwe en dêr binne goeie redenen foar. As bliken docht dat dit finansjeel swier keallet dan moat jo der as feriening aksje op ûndernimme. It is de kar fan de feriening en dêrmei ek de ferantwurdelikheid fan de feriening. Jo kinne der ek foar kieze om it bygelyks ien kear yn de trije jier te organisearjen. Om no te roppen dat de KNKB troch dizze ôfdracht yn stân te hâlden, de feriening yn de steek lit, wol ús net oan. De foarsitter fan Doanjum hat ferskate kearen besocht om op de AV stipe te freegjen fan ferienings om dizze kosten nei ûnderen te krijen, mar dit hat nea lieden ta in konkreet foarstel.

Graach hie de KNKB mei Moed en Volharding om ‘e tafel wollen om meiinoar nei mooglikheden te sykjen, mar dat slagge spitich genôch net. Lokkich binne der oare ferieninigs die de haedklassewedstriiden oernimme wolle, sadat it gjin gefolgen foar de wedstriidaginda hat.

De KNKB winsket keatsferiening  Moed  en Volharding in protte wiisheid ta.  Hooplik slute se op termyn wer by it Bûn oan, dan kinne harren bêste keatsers wer foar eigen doarp yn de krite stean.
 

logo

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers