contact zoeken wedstrijden

Hille Saakstra stopt als bondstrainer/coördinator van de Kaatsacademie

De KNKB vindt het jammer dat Hille stopt. Hij is erg bevlogen, goed onderlegd en heeft zijn netwerk goed aangewend voor de KNKB.

Hille was met zijn advisering op de verschillende beleidsterreinen en uitvoering van de diverse projecten van de kaatsacademie heel waardevol voor de KNKB. Hille heel hartelijk bedankt wat je voor de KNKB hebt gedaan, je was top! Veel succes met je nieuwe activiteiten en we hopen dat we in de toekomst nog eens van je expertise gebruik mogen maken.

De KNKB is inmiddels met succes op zoek gegaan naar een vervanger. Zodra het formele gedeelte daarin is afgerond, wordt u verder geïnformeerd

Geert Faber.
  
Lees hier het artikel van Hille.
 
 Tiid foar in nije útdaging!
 
Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 nim ik ôfskie as haad oplieding en ûntwikkeling (ferantwurdelik foar de FB Oranjewoud Keatsakademie) fan it Keatsbûn. Sûnt de oprjochting bin ik belutsen by de FB Oranjewoud Keatsakademie. Earst as talintcoach en oplieder, letter as einferantwurdlikke. De ôfrûne jieren hawwe yn it teken stien fan it oerdragen fan de bûnstrainingen oan de ferskate keatsskoallen en it fjirder ûntwikkelje fan de trainer/coach en skiedsrjochters opliedingen.
 
De kommende jierren binne wichtich foar de takomst fan it keatsen. De keatssport sil each hawwe moatte foar hjoeddeiske maatskiplike ûntwikkelingen en doare ôfskied te nimmen fan ferâldere besteande strukturen. Binnen de FB Oranjewoud Keatsakademie binne dêr foarsichtig de earste stappen yn set. Sa wurdt d’r op dit stuit wurke oan it fernijen fan it kursusboek foar de trainer/coach opliedingen en lizze d’r konsept programma’s klear foar in skiedsrjochters en Wallball trainer/coach oplieding. Mei de juiste minsken op it goeie plak moat it slagje dit fierder te ûntwikkeljen en de ferbining te meitsjen mei de hjoeddeiske maatskippij.
 
Persoanlik sjoch ik werom op in moaie tiid werby ik gearwurkje mocht mei in grut ferskaat oan minsken. Minsken mei hert foar de keatssport, betankt dêrfoar! Ik nim dan ek mei in goed gefoel ôfskie en winskje myn opfolger in protte sukses!
 
Hille Saakstra

Hille

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers