contact zoeken wedstrijden

Nije foarsitter Vrienden van het Kaatsmuseum

It bestjoer fan de feriening Vrienden van het Kaatsmuseum is tige ynnommen mei de tasizzing fan de hear Bram Bonnema, it foarsitterskip op him nimme te wollen.

Nei it ôfskie yn 2012 fan syn foargonger Theo Kuipers moast de feriening it fan dat momint ôf sûnder foarsitter stelle. De hear Bonnema, ôfkomstich fan Frjentsjer en yn it deistich libben wethâlder fan de gemeente Littenseradiel, sil mei yngong fan septimber fan dit jier de bestjoersgearkomsten fan de feriening al foarsitte. Yn de earstfolgjende AV fan de Vrienden van het Kaatsmuseum yn de maitiid fan 2016, sil mei ynstimming fan de dan oanwêzige leden de definitive beneaming folgje.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers