contact zoeken wedstrijden

Keatsen yn it nijs.

No’t ik mear bij it keatsen belutsen bin falt myn each ek mear op stikken yn de media oer it keatsen. Lokkich is d’r oan oandacht gjin gebrek.

Media-oandacht is it foar it keatsen fan grut belang. Dat jildt ek foar alle mieningen. Al moat ik wol sizze dat it wat begjint te knypen as mieningen en feiten troch ilkoar driegje te rinnen. Mar hawar, oer it algemien is de leafde foar it keatsen grut.

Soms binne stikken ek besiden de wurklykheid. Yn begelyks ien stik koe ik my as foarsitter perfoast net fine. Dat wie it stik fan Jan Braaksma op kaatsen.nl, rjochte op ús bestjoerslid Tjeerd Dykstra. De alter-ego’s fan Jan lutsen de konklúzje dat Tjeerd sa’n bytsje allinnich it keatsbûn bestjoerd: ynfiering 8 partoer, GrandSlams ensafuorthinne. Sa is it perfoast net. Krekt as alle bestjoeren ha wy ús reguliere bestjoers-gearkomsten wêryn wy de punten bediskusearje .

Konklúzjes wurde lutsen en dat is dan fanôf dat momint jo mienskiplyke stânpunt.

Tige ferfelend fyn ik dat Jan Braaksma syn búksprekkers faaks op de man spylje en net op de saak. Dat docht ús keatsen neffens my gjin goed en is nei betrokkenen net terjochte.

Mar boppe alles jildt fansels: wat bliuwt it in prachtich spultsje.

Mei út namme fan it bestjoer,
Wigle Sinnema

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers