contact zoeken wedstrijden

Hieltyd reinwetter en dochs keatste de 55+ op Sonnenborgh.

De hiele dei reinwetter en dochs keatsten 24 partoeren harren 3 partijen op 28 maaie op Sonnenborgh yn Ljouwert. In pear "watjes" lieten it ôfwitte, al hoewol, it is fansels net lekker om mei sok waar te keatsen as it dan ek mar sa'n 11 graden is.


De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jan Boorsma, Jan Bootsma/Albert Dijkstra en Andries Idzerda.

Yn de kantine waar earst noch oerlein as it wol trochgean moast, sadat it wat letter oangong dan 10.00 oere en dat hinderde neat mei sa'n bytsje keatsers, want de lêste slach foel om 15.20 oere by de partoeren 71 en 72 op de stân 5-3 (6-6). Jan Wagenaar fan partoer 71 moast opslaan mei in keats fan sa'n 10 meter en hy brocht de bal foaryn by Piet Bosgraaf. Dy sloech goed út, mar Pieter Bergsma sloech de bal werom nei de foar him goeie kant fan de keats, sadat Pieter 3x wûn hie en nei ôfrin in fleispakket yn ûntfangt nimme mocht fan de foarsitter, Piet Bosgraaf. Omdat Jan Bootsma en Albert Dijkstra like goed wienen, moast lotte wurde wa dizze dei de krâns meinimme mocht. Jan Bootsma hâldt de krâns te goede.

De manlju fan LKC Sonnenborgh hienen de 8 perken d'r wer goed foar lizzen en dan is it moai, dat Rienk de Groot as ien fan dy helpers meikeatst en dan in 2e priis wint. Fierders is it fansels hardstikke moai, dat Willem van der Meulen (89½) út Drachten meiride kin en dan blokje rint op Sonnenborgh! Hy hat it beslút nommen, dat hy de maten net mear yn it paad stean wol en net mear meikeatst.
Nije wike, op 4 juny geane de 55-plussers nei it keatsfjild yn Goutum.
Kees Sikkema ferlear 3x en is dochs earste bleaun yn it klassemint mei 23 punten. Albert Dijkstra wûn 3x en is tichterby kommen op 21 punten. Jan Feenstra wûn 1x is no tredde mei 20 punten.

A-klasse: 1. Andries Idzerda, Goutum. 2. Rienk de Groot, Ljouwert.
B-klasse: 1. Jan Boorsma, Menaam. 2. Daam van der Leij, Dronryp. 3. Anne Kramer, Snits. 4. Siebe van der Zee, Lelystêd (20-9).
C-klasse: 1. Jan Bootsma, Wommels en Albert Dijkstra, Harns. 3. Pieter Bergsma, Gytsjerk.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers