contact zoeken wedstrijden

Okkema partij Alle categorieën Vrije formatie dames v.f A

14 juli 2012 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

De 34e Okkema partij is ferkeatst. De partij wie foar it earst iepenstelt foar alle federaasjes yn Fryslân. Dit smiet in list op fan 33 partoer yn fiif klassen. Manlju A, B, C en froulju A&B. Werby’t de froulju B troch inoar lotsjen wie en de oare klassen frije formaasje.

Under werklik prachtige waarsomstannichheden waard begûn om 12 oere. In hearlik sintsje derby en in bytsje wyn makke dat alles der moai by lei. De findelman hie it moarns noch al drok hân. Tsjin alle ferwachtings yn wie de wyn nammentlik 180 graden omgien en dat makke dat it hiele fjild om moast. Mar sa as sein, it lei der om 12 oere prachtich by.

By de Froulju A ek fjouwer partoer op ’e list dy’t yn in poule keatsten om twa prizen. Nei trije omlopen keatsen kaam it sa út dat der twa partoer op 18 foarearsten stiene en 11 tsjinearsten. Om’t dit net sa faak bard, hat it bestjoer de regleminten der op nei slein. Der stiet yn dat dan it ûnderlinge resultaat bepalend is. En om’t Hester Kingma, Gerry Edou Mollema en Gabriele Bouma yn earste omloop mei 5-4, 6-6 wûn hiene fan Lysbet Bakker, Marijke de Boer en Sietske Okkema, wûnen sy de krâns en wiene Lysbet-en-dy knap twadde!

En dermei is de 34e Okkema-partij in feit. In prachtige keatsdei mei in gemoedlike sfear rûn it fjild mar ek derop. In sfear dy’t sa typearjend is foar it keatsen yn Easterein. We hoopje dan ek dat der noch minstens 34 Okkema-partijen folgje!

1e priis: Hester Kingma,Gerry Edou Mollema, Gabriele Bouma
2e priis: Lysbet Bakker, Marijke de Boer, Sietske Okkema

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers