contact zoeken wedstrijden

Schooljeugd Door elkaar loten A klasse schooljeugd

21 mei 2011 13:00
Makkum
Categorie Schooljeugd
Soort Door elkaar loten A-klasse
Vereniging MAKKUM
Scheidsrechter Clubscheidsrechter
Wedstrijdsecretaris M. Tilburgs
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Koornstra Netten ‘Federaasje partij’ foar de jeugd!

Alwer in soad jeugd oant it keatsen op keatslân ‘De Seize’yn Makkum. Sneon 21 juny stie de federaasje partij foar de jeugd troch elkoar lotsjen mei ferliezersrûnde op it programma. Der waard keatst yn 4 kategoryen: welpen, pupillen famkes A klasse, pupillen en de skoallejeugd.
Sponsor fan dizze federaasje partij is Koornstra Netten.

Útslagen:
Bij de welpen is de earste priis gien nei Germ Pyt van Popta út Lollum. Omt der mar 3 partoeren op ‘e list stienen waard der listkeatst.
Bij de pupillen famkes A klasse keatsten partoer 4 Sigrid de Boer en Elisa Doper tsjin partoer 5 Boukje-Ellen Bosma en Yang Lin Zijlstra. De beide partoerkes wienen oan elkoar weage. Mei in stân fan 5 – 4 6/6 oan de telegraaf waard de partij wûn troch Sigrid en Elisa.
Yn de ferliezersrûnde gie de earste priis nei partoer 2 Aletta van Popta en Amber Nauta.
Bij de pupillen troch elkoar lotsjen stienen yn de winnaars rûnde partoer 3 Alwin van der Weerdt en Lars Wijma tsjinoer partoer 8 Jildert Stellingwerf en Abe Reinsma. In moaie partij om nei te sjen. Jildert en Abe wûnen de partij mei 5-4 6/0. Alwin en Lars gongen mei in moaie twadde priis nei hús.
Yn de ferliezersrûnde keatste partoer 2 Michiel de Jong en Menno de Jong tsjin partoer 7 Rinze Bouke Reitsma en Harmen Burghgraef. Michiel en Menno wûnen dizze partij mei in stân fan 5-4 6/0. De twadde priis wie foar Rinze Bouke en Harmen. In spannende finale bij de skoallejeugd yn de winnaarsrûnde mei goed opslachwurk by beide partijen. It partoer 8 Jurre Rinia en Pieter Kleinjan keatsen krekt wat deegliker en wûnen de partij mei in stân fan 5-4 6/4. De twadde priis wie foar partoer 4 Simen Bootsma en Martin Fennema.
Yn de ferliezersrûnde waard de earste priis wûn troch partoer 7 Jouke Vlasbloem en Eelke Reinsma. De twadde priis wie foar partoer 1 Remco Dooper en Pieteke van Goslinga

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers