contact zoeken wedstrijden

NK Meisjes Afdeling 1 part per afd

25 juni 2011 10:00
Kon. ned
Categorie Meisjes
Soort Afdeling
Vereniging Koninklijke Nederlandse Kaatsbond
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Dronryp ferrassende winner fan NK Famkes

Sneon 25 juny waard foar Elly Hofman, Anouk Tolsma en Jeanette Jansma in dei mei in gouden rândsje.

It paad nei de finale: Dronryp
It partoer fan Dronryp hieyn de earste partij in fleanende start tsjin Seisbierrum. It wie sa mar 3-0 mar doe heakke it. Seisbierrum, foarôf ien fan de favoriten, makke fiif earsten efter mekoar. Mar yn dizze frjemde partij kaam Dronryp doch wer op fiif earsten gelyk. Doe wie Dronryp krekt wat fortúnliker en makke de partij út troch op 6-2 de keats foarby te slaan. De twadde partij tsjin Peins gie maklik en waard wûn mei 5-1 en 6-2. Minder maklik dan de einstân sje liet, gie it tsjin Frjentsjer. It waard twa kear 6-4 en fjouwer kear 6-6 en allinnich it lêste earst waard royaal binnenhelle op 6-0. Einstân: 5-1 en 6-0. Dronryp bleau stean en siet yn de finale.

It paad nei de finale: Easterein
Easterein hie op foarhân in dreech lot. Hja moasten daliks tsjin Minnertsgea ek in kânspartoer. Easterein gie goed út de startblokken en kaam mei deeglik keatsen op 3-0 en letter op 4-1. Mar Minnertsgea kaam goed werom en koe op 4-3 en 6-6 de oanslúting meitsje. Mar dat barde net om’t Tineke Dijkstra fan Easterein in perfekte sitbal sloech. Dat wie de genadeklap foar Minnertsgea en it doek foel definityf op 5-3 en 6-0. Yn de twadde omloop moeten se it sterke partoer fan Stiens. Dat wie in herhelling fan de finale fan 2010, mar no mei in oare winner. Doe wûn Stiens mar no luts Easterein oan it langste ein. Net ûngeunstich foar Easterein wie healwei de partij de blessure fan Yvonne Schots dy’t dêrtroch net langer har perkplakje besette koe. Doch bliuw it lang spannend mar op 5-4 en 6-2 hie Easterein ek dizze partij yn ‘e knip. De tredde partij wie in “walk-over” tsjin ít útkeatste trio fan IE. (5-2 en 6-2). Foar in plak yn de finale wie Folsgaere de ferrassende tsjinstanner. Mar ek Folsgaere dat drege partijen spiele hie tsjin Bûtenpost en Wergea koe it úteinlik tsjin de Eastereinders net oprêdde.

De finale
It wie Dronryp dat brutaal de lieding naam. Jeanette Jansma wie goed by de les en sloech de bal op 6-
4 yn in tuskenspel sitewaasje oer de boppe. Dêrnei pakte Easterein twa kear op 6-2 it earst troch
Tineke Dijkstra dy’t in sitbal sloech en in bûtenslach fan Elly Hofman fan Dronryp. Mar Elly makke har
foutsje wêr goed troch dêrnei op 6-4 boppe te slaan (2-2). Anouk Tolsma fan Dronryp pakte troch
prima te retourneren oant foar de keats op 6-4 it tredde buordsje (3-2). Jelien Pompstra fan
Easterein brocht mei in boppeslach op 6-2 de partij wer yn lykwicht. Tineke Dijkstra, dy’t de hiele dei
goed opsloech, hie dêrnei in minne rite, bûten op 6-6 en dêrnei nochris op 6-4 makke dat Dronryp
op in 5-3 foarsprong kaam. Easterein wie it spoar kwyt. It lêste earst waard hielendal makke troch
Jeanette Jansma. Sy sloech trije sitballen en kearde op 5-3 en 6-2 de bal foar de keats. Hjirmei gie de
winst doch wol ferrassend mar net minder fertsjinne nei it jeugdige trijetal fan Dronryp.

Priiswinners:
1ste KF Sjirk de Wal fan Dronryp
Jeanette Jansma / Elly Hofman / Anouk Tolsma

2de KF Easterein fan Easterein
Tineke Dijkstra / Jelien Pompstra / Martine Tiemersma

3de KF Yn ‘e Lijte fan Folsgaere
Rixt Hettinga /Elma Breeuwsma / Jildou Sweering

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers