contact zoeken wedstrijden

Pupillenjongens Afdeling Competitie eindronde

18 juni 2011 10:00
Makkum
Categorie Pupillenjongens
Soort Afdeling Competitie
Vereniging MAKKUM
Wedstrijdsecretaris M. Tilburgs
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

KV Makkum sneon 18 juny ‘Gebr.Hogeboom partij’.

Rûzich waar en ien bêste bui op keatslân ‘De Seize’yn Makkum by de finale fan de KNKB ôfdieling pupillen jongens. De kranzen en de eretekens waarden oanbean troch de KNKB.
In bysûndere partij yn twa opsichten omt it de finale wie fan de ôfdieling kompetysje en der waard hjoed foar it earst keatst mei in nije learen keatsbal. Spesjaal foar de jeugd en makke troch ballenmakker Jan Scheepvaart. Ûnderskied mei de oare keunstof keatsbal is dat dizze bal wat sachter is, dus foar de jeugd wat nofliker foar de hân en de bal is wat lichter. Positive reaksjes fan de jongens en it publyk. Minder ballen bûten en mear tuskenspul waard der opmurken troch de omstanders. De earste reaksjes oer dizze nij bal foar de jeugd binne dus posityf. Sneon 3 july komme de famkes pupillen te keatsen yn Makkum en ek dan sil der keatst wurde mei dizze nije keatsbal.

Útslagen:
Poule A
1ste priis Berlikum 1
Corné Tuinenga, Hein Joostema en Patrick van Dellen
Poule B
1ste priis Berlikum 2
Ruben Brouwer en Remco Anema
2de priis Stiens
Erik Keestra, Nanne Rijpstra en Wessel Nieuwhof
Poule C
1ste priis Makkum 1
Lars Onrust, Niels Miedema en Ype van der Logt
Poule D
1ste priis Meer/Visser
Stefan van der Meer en Jens Visser
2de priis Wommels
Inne Heerma, Wytse Yntema en Idsert Wijnia
Poule E
1ste priis Makkum 2
Alwin van der Weerdt, Rik van der Gaast en Lars Wijma

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers