contact zoeken wedstrijden

Welpenjongens Door elkaar loten del B+verlr

29 augustus 2010 10:00
Mantgum
Categorie Welpenjongens
Soort Door elkaar loten
Vereniging JACOB KLAVER
Scheidsrechter Clubscheidsrechter
Wedstrijdsecretaris L. van der Ende
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

KNKB welpenjonges B, 29 augustus 2010

Buienradar melde it hiele wykein al dat it gâns in toer wurde soe dizze lêste welpen wedstriid troch gean te litten. Mar we doarden it oan.
We binne sels begûn mei hiel ridlik waar, mei sa no en dan it sintsje d’r efkes bij.
Dit soe net sa bliuwe, om 11 oere hiene we in beste bui.
Dochs waard nei in 20 minuten skûljen besletten troch te gean.
Dit hat in goed bislút west. We koenen it net de hiele middei droech hâlde mar de grutste buien gongen om ús hinne.
De klupskiedsrjochters Theo Kuipers, Oebele Anema en Sjirk de Groot hâlden de gang d’r goed yn. Mei help fan 14 perken, eigen karmasters, âlden en foaral de keatsers wienen we om healwei trije oere út. 8 partoeren yn de A klasse keatsen yn 2 poules els trije kear
Yn de B klasse 20 partoeren mei ôffalronde

Utslach welpen jonges B
1e priis Pieter Jan Leijenaar Exmorra en Paul Dijkstra Beetgumermolen
2e priis Gjalt Sjirk de Groot Mantgum en Markus Heeringa Reduzum
3e priis Jamo de Vries Dronrijp en Durk Hoogma Baard

Ferliezers
1e priis Feike Douwe Zijlstra Folsgare en Germ Jan Dotinga Sibrandabuorren
2e priis Jamo Wijtsma Jirnsum en Jasper Harmen Jager Dronrijp
3e priis Jelle Terpstra Mantgum en Rutger Fopma Mantgum

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers