contact zoeken wedstrijden

Schoolmeisjes Door elkaar loten A klasse del A

21 augustus 2010 10:00
Easterein
Categorie Schoolmeisjes (P)
Soort Door elkaar loten A-klasse
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Koldijk, J.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Under dochs tsjinfallende waarsomstannigheden, droech mar bewolkt en gjin 26 graden, koenen om 10.00 oere de skoalfamkes A klasse under lieding fan skiedsrjochter Johan Koldijk keatse mei it 'nije' poulesysteem. Yn de earste omloop wienen de utslagen dochs grut; 5-1, 5-2 en 5-4. Partoeren 1, 3 en 5 winne. De twadde omloop lyket al wat spannender te wurden; 5-3, 5-3 en 5-5. Partoeren 3, 5 en 6 winne. Dan komt alles oan op de leste omloop en dat is no ek te merken yn 'e utslagen; 5-4, 5-5 en 5-5. Partoeren 1, 3 en 4 winne. Dat betsjut dat partoer 3; Lilijan Kingma en Anna-Brecht Bruinsma alles wun hawwe en dus de earste priis winne. Partoer 1; Elly Hofman en Lisa Hofstra en partoer 5; Pytrik Visser en Anouk Tolsma hawwe beide 19 earsten foar, dit komt no oan op 'e tsjinearsten. Partoer 1 hat 14 earsten tsjin en partoer 5 hat 12 earsten tsjin. Pytrik en Anouk winne hjirmei de 2e priis.

1e priis: Lilijan Kingma, Sint Anne en Anna-Brecht Bruinsma, Wommels
2e priis: Pytrik Visser, Seisbierrum en Anouk Tolsma, Dronryp

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers