contact zoeken wedstrijden

Jongens Door elkaar loten B met verliezer

5 juli 2008 10:00
Easterein
Categorie Jongens KNKB
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Jelte Visser, Hendrik de Boer en Geert Jan de Jong winne de krânsen yn de B-klasse fan de jongeswedstriid yn Easterein. Hja wûnen de finale mei 5-1:6-6 fan Fokke Jan Kooistra, Jitze de Jong en Jan Flapper.
Fokke Jan c.s. wienen de 2e omloop krekt troch kommen nei in spannende 5-5:6-6.

Yn de heale finale hienen Jelte c.s. wûn fan Jeroen de Haan, Arjan Hallema en Robert de Bruin mei 5-2:6-2. De oare heale finale hienen Fokkje Jan c.s. wûn mei 5-4:6-2 fan Simon Zijlstra, Piter Postma en Aron Postma.

Yn de ferliezersrûnte kamen de partoeren Elmar Pieterse, Eelco Boonstra en Auke Geert Ybema en Ronald Steffens, Mark de Vries en Sybren Poelsma tsjinoer inoar te stean. Dat wie noch in spannende striid die eindige mei 5-4:6-0 yn it foardiel fan Elmar Pieterse c.s.

Om klokslach fjouwer oere foel de lêste slach en dermei kaam dizze moaie keatsdei op in moaie tiid oan it ein. Skiedsrjochter Jetse Heeringa soarge foar goede lieding de hiele dei en waard oan de heale finales prima bystien troch klupskiedsrjochter Robert Hoekstra.

Ek hjir in soad help fan âlders neist de grutte skare eigen frijwilligers, herkenber oan de polo's en net te ferjitten de blokjerinners by alle perken. Geweldich tank foar jimme help.

Winners:
1. Jelte Visser, Seisbierrum, Hendrik de Boer, Wommels, Geert Jan de Jong, St Anne
2. Fokke Jan Kooistra, Hartwert, Jitze de Jong, Wynaam, Jan Flapper, Hidaard
3. Jeroen de Haan, Tsjummearum, Arjan Hallema, Easterein, Robert de Bruin, Tsjummearum
3. Simon Zijlstra, Easterlittens, Piter Postma, Koarnjum, Aron Postma, Stiens

Ferliezers:
1. Elmar Pieterse, Wjelsryp, Eelco Boonstra, Frjentsjer, Auke Geert Ybema, Ferwoude
3. Ronald Steffens, Goutum, Mark de Vries, Frjentsjer, Sybren Poelsma, Turns

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers