contact zoeken wedstrijden

Jongens Afdeling

8 juni 2008 10:00
Mantgum
Categorie Jongens KNKB
Soort Afdeling
Vereniging KF JACOB KLAVER
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Knkb jongens yn Mantgum,
Snein 8 juny wie yn Mantgum de ôfdieling KNKB jonges en derneist de troch inoar lotsjen KNKB jonges. Der keatsten fjouwer en fjirtich pertoer.
By de ôfdieling waard de finale op fiif - fiif seis –seis beslist troch in kweaslach om trije minuten foar sânen. Wjelsryp mei Jelmer Hofstee, Paulus Yde Walda en Jouke Bosje, gong mei de krânsen nei hûs. De preemje wie foar Sint-Jabik mei Bauke Triemstra, Benjamin Houtsma en Rick Poortstra. De tredde priis gong nei Tsjummearum, Jeroen de Haan, Arnold Zijlstra en Oane Veldman. De fjirde priis wie foar Boalsert, Peter van Zuiden, Carlo Boons en Thomas van Zuiden en de oare fjirde priis wie foar Frjentsjer mei Patrick Scheepstra, Cor Boonstra en Eelco Boonstra. It wie in tige waarme mar moaie keatsdei

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers