contact zoeken wedstrijden

Pupillenjongens Door elkaar loten A klasse poule

23 augustus 2015 10:00
Mantgum
Categorie Pupillenjongens KNKB
Soort Door elkaar loten A-klasse
Vereniging KF JACOB KLAVER
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

De A-klasse gie in oere letter los as de B-klasse, en gie dus om 11.00 hinne. Der waard keatst yn twa poules fan fjouwer, dus elts koe sawiesa trije kear keatse. Dit wie foar it iene partoer mear suksesfol as it oare. Yn beide poules wie ien partoer dat trije kear wun en dus trochgie nei de finale. Yn poule A wie dat partoer 3 mei Gosse de Haan út Winsum en Rick Minnesma út Dronryp. Yn poule B wie dat petoer 8 mei Harold de Boer út Jellum en Jelmer Miedema út Goutum. De striid om it tredde plakje gie tusken partoer 2 mei Jari Visser út Wytmarssum en de bylotte Yoram Elzinga út Bolsward en partoer 5 mei Justin Krottje út Dronryp en Thomas Dijkstra út Berltsum.
De wedstryd om it tredde plak waard wun troch Justin en Thomas. It bleaun oant it ein ta spannend, de striid waard pas om 4 - 5 2 - 6 beslist.
De finale wie noch spannender. It partoer fan Gosse en Rick gie fleanend fan start, mar hie it soms wat dreech oan de opslach. Dit soarge foar treurige kopkes by de mannen, Harold en Jelmer bleaunen fleurich en sterk trochkeatsen en sa waard it fiif earsten gelyk. Moaie boppeslagen en goed opslachwurk yn it letste earst. It partoer fan Gosse ne Rick hienen de kopkes wer omheech en lieten sjen dat sy hjoed de beste wienen. Op 5 - 5 en 6 - 4 pakten sy de krans fan disse moaie wedstryd.

Útslach:

1e: Gosse de Haan, Winsum en Rick Minnesma, Dronryp
2e: Harold de Boer, Jellum en Jelmer Miedema, Goutum
3e: Justin Krottje, Dronryp en Thomas Dijkstra, Berltsum

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers