contact zoeken wedstrijden

del. (3x Loten) Pupillen Door elkaar loten Pupillen jongen

30 mei 2014 11:00
Easterein
Categorie Pupillen
Soort Door elkaar loten
Vereniging EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter
Wedstrijdsecretaris M. Dijkstra-van der Meulen

Wedstrijdverslag

Yn Easterein it lustrumjier fan it 110-jierrich bestean en de 10e edysje fan de Jong-Feinte. De Jong-Feintedei duorret noch efkes en sil op 23 july plakfine as bysûnder keatsbarren.

De woansdeis koe de lustrumwedstriid foar de jongerein net trochgean om’t der al in hiel soad wetter fallen wie yn de dagen derfoar, mar ek op de woansdeis sels is it amper droech west. Dizze wedstriid wurdt woansdei 4 juny ferkeatst.
De tongerdeis wie de lustrumwedstriid foar senioaren mei 8 frouljuspartoeren en 12 manljuspartoeren. In prachtich oantal dielnimmers en mei it hearlike buffet tusken de omlopen troch wie dit in moaie keatsdei. Allegear net te let nei hûs want de freed wie it grutte Federaasjedei!

Dizze Federaasjedei sette útein mei de senioaren manlju en froulju om 10:00 oere. De dielname wie net grut mar moai genôch foar in aardige keatsdei. Der wienen 4 partoer manlju A en 6 partoer manlju C (mei trije froulju!) en 7 partoer froulju A.
By de jeugd oantemei 16 jier wie de opkomst geweldich! Der wienen 136 bern dy’t oan de Federaasjedei dielnamen yn 4 klassen (welpen, pupillen, skoalbern en famkes/jonges). Under de prima lieding fan de Federaasjekommisje mei harren frijwilligers waarden al dizze wedstriden (3 x lotsjen) flot ferkeatst en wienen der in soad prizen te ferdielen.

Wat prachtich om de jeugd sa entûsjast te sjen yn it fjild en ek dernei mei de priisútrikking. Dat de bern yn de gaten hat dat it in bysûndere keatsdei is, wie te sjen oan de sportive fûlens dêr’t mei keatst waard en faaks de blidens by winst en somtiden it fertriet by ferlies. Mar hjoed yn Easterein wie elk winner!

De goede tariedings fan de Federaasjekommisje yn gearwurking mei keatsferiening Easterein hat fertuten dien. IN noflike gearwurking mei in sportyf suksesfol resultaat!

Tige tank ALLEGEAR foar dizze prachtige keatsdei!

U,>Utslach pupillen famkes en jonges (A, B)
1. Herre Cnossen, Gau en Doede de Jager, Turns
2. Hugo van Schepen, Goaiingea en Nadja SIxma, Easterein
3. Kristia Dotinga, Sibrandabuorren en Hieke Bootsma, Turns
4. Erik Wijnja,Drylst en Bauke Reijhoudt, Easterein
5.Aizo Veltman, Hommerts en Sjors Boschma, Rien
6. Arjen Schaap, Turns en Jeffrey vd Werf, Reahûs
7. Jesse Kroondijk, St Anne en Marc Frans Janssen, Easterein
8. Bert Veltman, Hommerts en Redmer van Netten, Gaastmar
9. Maureen Noordhuis, Boalsert en Wietske de Jager, Turns
10. Anna Boukje Altenburg, Hidaard en Trudie Hoekstra, Reahûs

Sjoch foar mear foto’s op de site fan Henk Bootsma Fotografie

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers