contact zoeken wedstrijden

In simmerske dei by de 55+ yn Snits.

By de jierlikse keatspartij yn Snits is it faaks net sok moai waar en dan is it dêr op de romte net sa noflik. Mar no wie it op 4 septimber in bjusterbaarlik moaie dei op sportcentrum Schuttersveld, mei in temperatuer fan om en naby 25 graden en folop sinne.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sjouke Herrema, Hilbrand Schuurmans en Minne Soepboer.

Dan komt d’r ek aardich wat publyk by, foaral froulju. D’r stienen 84 keatsers op de list foar de wedstryd by keatsferiening “Sneek”. Jan Bleeker, Rients de Boer en Rinze Lantinga hienen it mei stipe fan in oantal frijwillegers goed foar elkoar. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 48 keatsers yn 2 fjilden mei 8 perken.

Om 16.25 oere foel de lêste slach by de partoeren 83 en 84. Om 17.05 oere rikten Piet Bosgraaf en Jan Bleeker earst blommen út fan stiper Ranzijn út Snits oan de meikommen froulju en dernei de rykelik fulde tassen mei libbensmiddels oan de keatsers, dy 18 punten of mear hienen út 3 wedstryden. Jo koenen oan de swiere tassen goed sjen, dat Poiesz, de bêste stiper fan dizze partij, de haadfestiging yn Snits hat. Hilbrand Schuurmans hie in poerbêste dei, want hy wie de bêste yn de B-klasse en de bêste keatser fan dizze dei mei 21 foar en 4 earsten tsjin. Derom ûntfong hy út hânnen fan de foarsitter in keatser op in stander. Boppedat liet de konkurrinsje foar it klassemint punten lizze, sadat Hilbrand no royaal boppe oan stiet mei 34 punten.
Oer fjirtjin dagen, op 18 Septimber, geane de 55plussers foar de lêste partij fan it simmerskoft nei it keatsfjild op Sonnennorgh yn Ljouwert.

Hjirûnder stean de manlju, dy trije kear wûn hawwe.
A-klasse : 1. Minne Soepboer, Surhústerfean. 2. Jouke de Roos, Luttelgeest. 3. Ale Mosselman, Goutum. 4. Hepke Hiemstra, Grou.
B-klasse: 1. Hilbrand Schuurmans, Boalsert. 2. Jelle Goudberg, Frjentsjer. 3. Durk Monsma, Mantgum. 4. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean.
C-klasse: 1. Sjouke Herrema, Hoorn. 2. Hendrik Weiland, Koarnjum. 3. Theo Smit, Frjentsjer. 4. Lieuwe Meijer, Minnertsgea.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers