contact zoeken wedstrijden

De 55+ hie in moaie keatsdei yn Jelsum/Koarnjum.

Foar de 17e Anne Bouma-Kees Smit partij wienen op 8 augustus 84 keatsers nei Jelsum/Koarnjum ta setten. De foarige dei op de Freule kaam yn de middei nochal wat reinwetter nei ûnder, mar no wie it prachtich moai waar en in temperatuer fan sa’n 20 graden, sadat de meikommen froulju fanút in noflike stoel ek genietsje koenen.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Lou Herrema, Eddy van der Lei en Piet Bierma. D’r neist de skiedsrjochters Dirk van der Zee en rjochts Paulus Ennema.

Om 10.00 oere gongen de earste 48 keatsers los yn twa fjilden ûnder lieding fan Paulus Ennema en Dirk van der Zee, beide út Ljouwert en fansels hie Foppe de Vries de totale wedstrydlieding. Hja hienen de saak goed yn de klauwen, krekt lyk as de frijwilligers fan Jelsum/Koarnjum. Yn de kantine soargen Harm en Tineke, sa as alle jierren d’r foar, dat eltsenien neat te koart kaam. Om 16.05 oere foel de lêste slach by partoer 79 mei Anne Kramer en Jaap van der Veen tsjin partoer 80 mei Sjirk Overal en Bert Veldman. Op de stân 5-5 (6-2) moast Bert Veldman opslaan mei in keats fan sa’n 23 meter. Hy brocht de bal foaryn by Anne Kramer en dy de sloech de bal krekt oer Sjirk Overal hinne, sadat partoer 79 wûn en Anne yn de prizen foel.

Hilbrand Schuurmans, de lieder fan it klassemint, ferlear 3x en hat no selskip krigen fan Wim Jousma, dy 2x wûn. Beiden hawwe no 28 punten en dan binnen d’r 3 efterfolgers mei 26 punten. D’r wienen yn Jelsum/Koarnjum hiele goeie stipers, sadat Rinze van der Veen om 16.30 oere prachtige súvelpakketten útrikke koe oan de priiswinners en foar de poedels wie d’r in sek jirpels (Tjeerd Bouma, Ljouwert 3 earsten foar en 18 tsjin).
Nije wike, op 14 Augustus, geane de 55plussers wer nei it keatsfjild op Sonnenborgh yn Ljouwert.

A-klasse : 1. Eddy van der Lei, Ljouwert. 2. Jan Feenstra, Winsum. 3. Anno Miedema, Stiens.
B-klasse: 1. Piet Bierma, Dronten. 2. Teake Koster, Harns. 3. Rienk de Groot, Ljouwert. 4. Anne Kramer, Snits.
C-klasse: 1. Lou Herrema, Slappeterp. 2. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 3. Theo Smit, Frjentsjer (20-12).

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers