contact zoeken wedstrijden

55+ keatste no wer op Sonnenborgh.

D’r wienen op 10 july 78 keatsers fan de 55+ delkommen yn Ljouwert en sy koenen om 10.00 oere begjinne te keatsen yn 2 fjilden mei 8 perken. It wie bewolkt, mar droech en in temperatuer fan sa’n 17 graden. De

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Germ Hallema, Eddy van der Lei (+ pakesizzer) en Marten van der Meulen.

lêste slach foel om 16.15 oere by de partoeren 77 en 78. Op de stân 3-5 (2-6) wie Oeds Broersma fan partoer 77 oan de opslach en hy pleatste de bal efteryn by Ynze Stienstra. Ynze sloech de keats foarby, sadat hy 3x wûn en in fleispakket meinimme koe nei Baaium.
Klassemintslieder Hillebrand Schuurmans wûn 2x en is op 26 punten kaam. Sipke Wiersma wûn 3x en is no twadde mei 25 punten. Om 16.35 oere rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken op 24 july 2013 geane de 55plussers foar de 55+ partij nei Balk. It is de 15e kear dêr en foar elke dielnimmer in priis!

A-klasse : 1. Eddy van der Lei, Ljouwert. 2. Andries Idzerda, Goutum. 3. Ynze Stienstra, Baaium.
B-klasse: 1. Germ Hallema, Jorwert. 2. Bert Veldman, Boalsert. 3. Rienk de Groot, Ljouwert. 4. Auke Kuiken, St. Jabik. 5. Jan Bootsma, Wommels (20-15)..
C-klasse: 1. Marten van der Meulen, Ljouwert. 2. Skelte Poelstra, Hijum. 3. Sipke Wiersma, St. Jabik. 4. Henk de Vries, Drylts. 5. Tom Twerda, Putten.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers