contact zoeken wedstrijden

Nieuwe shirt sponsor KF Wommels

Tige wiis binne wy dat de keatsferieniging in nije sponsor foar ús KNKB-shirtsjes fûn hat. Neidat RESI opholden is moast der in nije sponsor socht wurde. De Nije shirtsponsor is: ANDRINGASTATE

Foto: Henk Bootsma fotografie

Ien fan ús leden, Jan Klaas Faber, hat krekt grien locht krigen om restaurant “ANDRINGASTATE” Marssum te ferbouwen ta in ôfskiedssintrum.
Mei it horeca diel en tegearre mei syn accountant , MRW Accountants bv, binne hja ree om de keatssport yn syn algemienheid en yn it bysûnder dy fan Wommels te stypjen.
De famylje Faber is tige ûndernimmend en hja binne tagelyk ek echte keatsleafhawwers.
We winskje harren mei dizze nije útdaging in protte sukses ta en tagelyk winskje wy ús jeugd fansels in sportyf en suksesfol keatsjier.

wommels1

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers