55+ minuut stilte foar Albert Kinderman

Gepubliceerd op 14 februari 2013
55+ minuut stilte foar Albert Kinderman

Op 13 febrewaris koe it om 10.00 oere oangean yn de Trije mei de earste 54 keatsers fan de list fan 120, mar earst war in minuut stilte hôlden by it ferstjerren fan Albert Kinderman út Oentsjerk. Hy wie altyd in troue keatser by it 55+ en yn 2010 hat hy noch 4x meidien, mar dernei woe hy de keatsers net mear yn it paad stean.


De priiswinners mei de krâns, efter flnr.: Siete Wassenaar en Lou Herrema, foar Jan Volbeda en Gerard Voogd.

Hy wie altyd in troue keatser by it 55+ en yn 2010 hat hy noch 4x meidien, mar dernei woe hy de keatsers net mear yn it paad stean. Hy is 82 jier wurden. Foppe de Vries die wer de wedstrydlieding en no koe Minne Soepboer wer moai meikeatse. De lęste partij binne in oantal partoeren mei earsten gelyk begonnen. De partoeren 115 en 116 wienen dien om 16.10 oere. By de stân fan 4-5 (6-6) wie de opslach fan Sipke Wiersma fan partoer 115 meters foar.

Om 16.45 oere makke Piet Bosgraaf de priiswinners bekend, dy 3x wűn hienen en rikte de krânsen út. Oer 2 wike, op 27 febrewaris 2013 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer. Understeande keatsers krigen in sek ierdappels mei fan ús stipers Hans Hilarides en Jacobus van der Wal, beide út St. Jabik.
A-klasse : 1. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 2. Piet de Groot, Mullum. 3. Hans Hilarides, St. Jabik. 4. Jan Sijtsinga, It Hearrenfean. 5. Daan Groen, Hallum. 6. Jan Feenstra, Winsum. 7. Anne Kramer, Snits (20-12).
B-klasse: 1. Jan Volbeda, Seisbierrum. 2. Jan Bootsma, Wommels. 3. Henk Noordbruis, Marsum. 4. Gerrit Otter, Goutum. 5. Siebe van der Zee, Lelystęd. 6. Leendert Terpstra, Frjentsjer. 7. Joop Wortman, De Jouwer. 8. Johan Sikkema, Emmeloord (20-11). 9. Jouke Punter, Wommels (20-13).
C-klasse: 1. Gerard Voogd, Harns. 2. Oeltsje Velstra, Idaerd. 3. Dirk Wiglema, De Jouwer. 4. Jan de Ridder, Stynsgea.
D-klasse: 1. Lou Herrema, Slappeterp. 2. Andries Engbrenghof, Frjentsjer.

« Terug