De 55+ hie wer folle bak yn Frjentsjer.

Gepubliceerd op 17 januari 2013
De 55+ hie wer folle bak yn Frjentsjer.

Op 16 jannewaris koe it om 10.00 oere oangean yn de Trije mei de earste 54 keatsers fan de list fan 108. Foppe de Vries die wer de wedstrydlieding en dermei koe Minne Soepboer it wat rêstiger oan dwaan.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Bouke Jousma, Frans Postmus, Theo Smit en Jan Bootsma.

De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.25 oere. By de stân fan 4-5 (6-6) koe Jan Bootsma fan partoer 108 de keats foarby slaan en dermei pakte hy trije oerwinnings en de krâns. Fan de Wis-in wie Bouke Poelsma de hiele dei oanwêzich en ek kaam in fotografe lâns om wat foto’s fan de 55+ keatserij te meitsjen. Dat wurdt fest in moai ferhaal yn de folgende Wis-in.
Om 16.50 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hawwe. Oer 4 wike(!), op 13 febrewaris 2013 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse : 1. Frans Postmus, Hitsum. 2. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3. Douwe Broersma, Mullum. 4. Jan Veenstra, Apeldoorn. 5. Jan Brandsma, Grijpskerk. 6. Monte Hallema, Frjentsjer (20-9). 7. Jan Volbeda, Seisbierrum (20-11).
B-klasse: 1. Jan Bootsma, Wommels. 2. Freek Kuipers, Drachten. 3. Daam van der Leij, Dronryp. 4. Germ Hallema, Jorwert.
C-klasse: 1. Bouke Jousma, Menaam. 2. Pieter Bouma, De Jouwer. 3. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum. 4. Anne Baarda, Menaam. 5. Piet Zijlstra, Frjentsjer (20-12).
D-klasse: 1. Theo Smit, Frjentsjer. 2. Heinz Palsma, Seisbierrum.

« Terug