contact zoeken wedstrijden

Luutzen Steegstra de grutte man yn Ferwert.

Al mear dan 30 jier is Luutzen Steegstra út Blije de grutte organisator fan it sealkeatsen yn sporthal de Heechfinne yn Ferwert en dan moatte jo dizze man fansels in kear yn it sintsje sette.

Dat hat bart by it sealkeatsen op 12 jannewaris. Hy docht dit mei stipe fan twa man en dat binne op dit stuit Ale Mosselman en Lieuwe Meijer. Luutzen soarget foar stipers (sponsors) en eltse keatser krijt altyd in leuke attinsje yn de foarm fan in doaske mei aaien as in sûkerbôle mei nei hûs. Yn it winterskoft wurdt d’r sa’n 6 kear keatst yn de Heechfinne en d’r stiet foar it keatsen altyd lekkere cake klear. Op dizze dei wie d’r foarôf noch kofje mei Oranjekoeke. Wat in feest is it dêr yn Ferwert!
Op de foto sjogge jo Luutzen 77 jier, mei syn frou Tine, wêr hy al 57 jier mei troud is. Indertyd hat Luutzen d’r gjin gers oer groeie litten en dat moatte jo fansels ek net dwaan as jo de goeie frou treffe. Luutzen krige as herinnering in moai wandboerd en syn frou in bosk blommen. Op de oare foto steane de priiswinners en Luutzen mei de krâns.
Yn de A-klasse dienen 4 partoeren mei, yn de B-klasse 12 en yn de C-klasse 4. Eltse keatser keatst dêr 3x mei ferskillende maten en individueel wurdt de priis bepaald.
Hjirûnder alle priiswinners.
A-klasse: 1. H. Wiersma 21-6. 2. W. Meijer 21-10. 3. J.D. de Groot 20-12.
B-klasse: 1. B. de Jong 21-7. 2. J. Nauwen 21-7. 3. A. Wiersma 21-9. 4. Johan v.d. Veen 21-10. 5. D. van der Leij 21-13. 6. A. Mosselman 19-10. 7. E. Heeg 19-14. 8. G. Otter 19-14. 9. S. Vlietstra 18-8. 10. U. Bauer 18-13.
C-klasse: 1. Y. de Vries 21-12. 2. T. Borawitz 19-12. 3. L. Meijer 19-14.

Ferwert12jan2013prijswin

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers