By de 55+ war keatst, stamppot iten en de froulju makken in blomstik.

Gepubliceerd op 20 december 2012
By de 55+ war keatst, stamppot iten en de froulju makken in blomstik.

De froulju setten om 10.30 oere ķtein mei blomskikkerij Żnder de kundige lieding fan de susters Jannie Bakker en Wytske Nutma (de frou fan Foppe). Om 12.00 oere wie it resultaat, dat alle 23 froulju mei de Krystdagen in prachtich blomstik op tafel sette kinne.

De priiswinners mei de kr‚ns, flnr.: Lieuwe Meijer, Heinz Palsma, Wim Jousma en Oeds de Roos.

Op 19 desimber koe it om 10.00 oere oangean yn de Trije yn Frjentsjer mei de earste 54 keatsers fan de list fan 114. De wedstrydlieding wie wer yn de fertroude h‚nnen fan Minne Soepboer. Sa no en dan sprong Piet Keizer him by. Nei syn slimme sykte wie Foppe de Vries de moarns foar it earst ek wer oanwÍzich en ek moai wie, dat keatsers dy al lang ķt de rŻlaasje binne, op saín dei efkes l‚ns komme, sa as Herman Steneker, Jan Bleeker, Wim Bosklopper en ‚ld Kommisjelid Henk Seerden. Om 16.30 oere foel de lÍste slach by de partoeren 113 en 114. Op de st‚n 4-4 (0-0) sloeg Jelle Goudberg fan partoer 114 de bal kwea, sadat partoer 114 wŻn en Leendert Terpstra dÍrmei trije kear.
De einst‚n fan de kompetysje 2012 soe dizze dei bepaald wurde. Sjirk Overal stie it grutste part fan dit jier boppe oan en lei 3 punten foar op Sjoerd Nicolai, dy 45 punten hie. Sjirk hie de grutte pech, dat hy ferline wike fan de trep foel en syn skynbonke iepen kaam te lizzen, sadat hy Űfsizze moast. Sjoerd Nicolai moast no 3x winne om Sjirk by te heljen en dan wie Sjoerd syn posityf saldo (earsten foar minus tsjin) heger as fan Sjirk. Mar Sjoerd hie syn dei net en ferlear 3x. Auke Kuiken kaam op 45 punten, want hy wŻn 3x en helle dermei Sjoerd by. Op plak 4 en 5 kamen Oeds Broersma en Wim Jousma mei 43 punten.
Om 17.10 oere begon Piet Bosgraaf mei de priisķtrikking. Earst krigen Żndersteande winners in rollade en dernei mochten de bÍste fiif fan it klassemint nei foaren komme foar in rollade. Sjirk Overal hie it wŻn mei 48 punten en Żntfong de wikselpriis en in keatser op in stander. Wim Jousma wie de bÍste fan dizze dei en Żntfong de ďsulveren balĒ.
Nei de priisķtrikking gongen de Fryske Shadows los. Us 55+ keatsers Evert Heeg, Johan Bekema en Jan Houwer brochten in bjusterbaarlik moai stik musyk en it wie tige gesellich. Dír waard ek noch dŻnse. Om 17.30 oere wie in Żnderbrekking foar de stamppot boerenkoal mei woarst foar de keatsers en meikommen froulju. Om 19.00 oere koe werom sjoen wurde op in moaie dei en dernei gongen de minsken stadich oan nei hŻs. Oer 14 dagen, op 2 jannewaris 2013 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse : 1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Hans Hilarides, St. Jabik. 3e. Frans Postmus, Hitsum. 4e. Wiebe Visser, Ljouwert. 5e. Catrimus Kooistra, Goaiingea.
B-klasse: 1e. Wim Jousma, Tytsjerk. 2e. Monte Hallema, Frjentsjer.. 3e. Auke Althof, Doanjum. 4e. Auke Kuiken, St. Jabik. 5e. Leendert Terpstra, Frjentsjer. 6e. Teake Koster, Harns.
C-klasse: 1e. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 2e. Bouke Jousma, Menaam. 3e. Piet Bosgraaf, Drachten. 4e. Pieter Bouma, De Jouwer.
D-klasse: 1e. Heinz Palsma, Seisbierrum. 2e. Willem van der Meulen, Drachten (88 jier!).

« Terug