Sinterklaas liet de 55plussers keatse yn Frjentsjer.

Gepubliceerd op 07 december 2012
Sinterklaas liet de 55plussers keatse yn Frjentsjer.

Woansdei 5 desimber wienen der wer goed hūndert man ōfset nei Frentsjer foar de ien nei lźste keatsdei fan dit jier. Ek dizze kear waard der fūl striden, want we wurde wol ālder, mar de striid bliuwt.

Op de foto de priiswinners mei de krans, f.l.n.r.: Jan Veenstra, Wim Jousma, Jan Hoekstra en Martinus van der Meer

Minne Soepboer hie de gong der aardich yn, dat tsjin trijen koe der him ōfjaan om te Sinterklaazjen. Piet Keizer koe him der fierder wol mei rźde. Ek de keatsers wurken goed mei - ek sin oan sūkelademolke - sadat om goed fjouwer oere de lźste slach foel. By de stān 5 - 5 en 6 - 6 sloech de oars sa betūfte opslagger Jan Sijtsinga būten. Siete Wassenaar miste hjoed. By it keatsen jout hy net folle wei, mar middeis moast hy wol foar Sinterklaas spylje yn Minnertsgea.
Lyk as foarige kear wie der yn de D-klasse net ien mei trije winstpartijen. De krāns gie no nei Jan Hoekstra mei 18 earsten foar en 13 tsjin. Yn de B-klasse wie it tige spannend. Trije man hienen acht earsten tsjin, sadat de tsjinpunten yn it lźste earst fan de trije partijen de trochslach jaan moasten. Ferskate kommisjeleden hienen Sinterklaasferplichtingen. Piet Keizer stie der alinnich foar om de prizen śt te rikken, mar koe him der wol mei rźde. In kwinkslach foar de iene, in lytse snuter foar de oare, krekt sa't Piet is. Moai dat Geert Hoekstra dit ferslach en de foto’s meitsje woe, omdat ek Johan Sikkema efter Sinterklaas oan moast by de pakesizzers. Hjirūnder alle priiswinners.
A-klasse: 1. Jan Veenstra, Apeldoorn. 2. Jan Buitinga, Sint Nyk. 3. Durk van der Schaaf, Stiens.
B-klasse: 1. Willem Jousma, Tytsjerk. 2. Jaap van der Veen, Sint Anne. 3. Johannes Oudendag, Arum. 4. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. 5. Klaas Postma, It Hearrenfean.
C-klasse: 1. Martinus van der Meer, Wytmarsum. 2. Jan de Ridder, Stynsgea. 3. Pieter Bergsma, Gytsjerk.
D-klasse: 1. Jan Hoekstra, Gytsjerk. (18 -13). 2. Jan de Jong, Dronryp (18-14).

« Terug