contact zoeken wedstrijden

Folle bak by de 55+ yn de Trije foar de 3e kear op rige.

Op 21 novimber 2012 wienen 114 keatsers foar de tredde kear op rige nei Frjentsjer ta setten en om 10.00 koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de list, mar it gros begong pas 10 minuten letter.

Foto: De priiswinners mei de krâns, flnr.: Oeds Broersma (7 novimber ek), Joop Wortman en Jelle Velsma.


Piet Keizer hie wer lotte en Minne Soepboer die de wedstrydlieding. Yn de A-klasse dienen 10 partoeren, yn de B-klasse 14, yn de C-klasse 10 en yn de D-klasse dienen mar 4 partoeren mei. Hartstikke moai wie, dat Johannes Algra d’r ek wie. Hy wurdt nije wike op 1 desimber 87 jier en wie op 6 novimber 2012 al wer 60 jier troud mei Geertsje van der Zee. Yn it begjin fan it jier hat hy noch 7x meidien, mar doe hie hy al oanjûn , dat it keatsen him te dreech war. No hat hy de telegraaf byholden.
Op de eintiid fan 16.30 oere moasten de partoeren 107 en 108 ophâlde by de stân 5-4 (2-4). De oare partoeren wienen al dien efkes nei 16.00 oere.
Sjirk Overal wûn twa kear en bliuwt earste yn it Klassemint, no mei 47 punten. Sjoerd Nicolai wûn ek 2x en is twadde bleaun mei 43 punten. Dêrnei komme trije efterfolgers mei 40 punten. Piet Bosgreaaf rikte om 16.50 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 14 dagen geane de 55plussers op woansdei 5 desimber 2012 opnij nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse : 1e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 2e. Frans Postmus, Hitsum. 3e. Jan Buitenga, St. Nyk. 4e. Klaas Postma, It Hearrenfean. 5e. Jurjen Tiesnitch, Westhoek.
B-klasse: 1e. Jelle Velsma, Tsjummearum. 2e. Anne Kramer, Snits. 3e. Jan Beimers, Dronryp. 4e. Henk Noordbruis, Marsum. 5e. Daam van der Leij, Dronryp.
C-klasse: 1e. Joop Wortman, De Jouwer. 2e. Piet Zijlstra, Frjentsjer. 3e. Sjouke Herrema, Hoorn.
D-klasse: By dizze 4 partoeren wie d’r net ien dy trije kear wûn.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers