Ofrūne woansdei 23 novimber wienen 108 keatsers nei Frjentsjer taset en om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers.
De priiswinners mei de krāns, flnr.: Koop Scholten, Hendrik Weiland, Wopke Wiersma en Sikke Koster.
Twa Dokkumers yn de krāns by de 55+.
De lźste partij moast men mei earsten gelyk begjinne. Dr dienen mar 2 Dokkumers mei en sy wūnen allebeide in krāns. Al dy Harnsers, Frjentsjerters, Snitsers en Ljouwerters koenen dźr mar nei sjen.
Foar it klassemint hat Sjouke Herrema śt Hoorn no twa kear wūn en is dźrmei ūnberikber op it earste plak kommen mei 46 punten. Twadde is no Jan Veenstra śt Apeldoorn mei 38 punten en mei noch 3 wedstryden te gean kin hy Sjouke net mear ynhelje. Op it 3e en 4e plak steane Jan Hoekstra fan Gytsjerk (19x meidien) en Johan van der Veen fan Oentsjerk (21x) mei 37 punten.
De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.30 oere. Harke Anema śt Wytmarsum die foar it earst mei en moat noch wat oefenje, want it lźste earst mocht hy opslaan by de stān 4-5 (0-0). Twa ballen wienen yn en fjouwer būten it perk, sadat partoer 108 wūn.
Om 16.45 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen śt oan ūndersteande keatsers, dy trije kear wūn hienen. Oer fjirtjin dagen op 7 desimber geane de 55plussers wer fierder yn de Trije yn Frjentsjer mei it winterprogramma.
A-klasse : 1e. Sikke Koster, Dokkum. 2e. Evert Heeg, Easterlittens. 3e. Jurjen Tiesnitsch, Westhoek. 4e. Andries Idzerda, Goutum.
B-klasse: 1e. Wopke Wiersma, Dokkum. 2e. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. 3e. Jan Boorsma, Menaam. 4e. Leendert Terpstra, Frjentsjer. 5e. Oeltsje Velstra, Idaard.
C-klasse: 1e. Koop Scholten, Drachten. 2e. Wiep Hasz, Dronryp. 3e. Hans Homminga, De Jouwer. 4e. Lou Herrema, Slappeterp.
D-klasse: 1e. Hendrik Weiland, Koarnjum. 2e. Hein Palsma, Seisbierrum. 3e. Ype de Vries, Oentsjerk.
