contact zoeken wedstrijden

Easterein wint 2e Greidhoekekompetysje

De manlju, junioaren en froulju fan Easterein winne lykas yn 2010 de prachtige wikselpriis fan de Greidhoekekompetysje. Dit kear yn in echte finale! Tsjin Wommels waard wûn mei 1-2 (manlju, 4-5:0-6, junioaren, 3-5:0-6 en de froulju, 5-3:6-6).

Dizze edysje fan de Greidhoekekompetysje wie krekt wat oars fan opset. De fjouwer ferienings yn de omkriten (Easterein, Easterlittens, Mantgum en Wommels) die yn 2010 oan de earste edysje dielnamen, waarden no yndielt yn twa poules fan trije teams. Twa oare ferienings, Bitgum en St Anne, kamen der dit jier by. Oer dizze nije ynstek wienen de mieningen wat ferdield, want it echte ‘derby’ gefoel fan buordoarp tsjin buordoarp yn de regio wie wat fuort. Oan de oare kant in kâns om de kompetysje út te breiden. Miskien dat takom jier der ek fjouwer ferienings boppe Ljouwert formearre wurde kinne. Dan spilet men de poulewedstriden yn de regio en de finales yn Wommels. Yn elts gefal wienen de poulewedstriden wer aardich om te sjen, mar it hichtepunt fan de kompetysje, de finales, liet efkes op har wachtsje. Op 13 july koe it net trochgean om it minne waar en in nije datum wie net daliks te finen. Want seis ferienings, 18 teams en dus 54 keatsers (en wiksels) by elkoar op ien jûn op ien fjild te krijen is in hiele toer. It waard woansdei 14 septimber en dat wie let yn de tiid. De lêste slaggen foelen dan ek yn it tsjuster, mar dat joech ek de nedige healwize taferelen op en om it fjild. Al wie it spul foar sawol de keatsers as foar it publyk net altyd goed mear te folgjen, der wie in soad wille.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers