Uitslag 55+ kaatsen op 8 juni 2011 in Leeuwarden

Gepubliceerd op 10 juni 2011
Uitslag 55+ kaatsen op 8 juni 2011 in Leeuwarden

Johan van der Veen no Kening yn de A-klasse by de 55+.

De priiswinners mei de krāns, flnr.: Monte Hallema, Marten Bergsma en Johan van der Veen. Sūnder krāns (D-klasse): Albert Dijkstra, Heinz Palsma en Jan Hoekstra.

Fanwegen fakānsjes en sa kamen d’r mar 75 keatsers nei Sonnenborgh yn Ljouwert en om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 60 keatsers fan de list. Piet Keizer wie op fakānsje en no hie Minne Soepboer lotte mei 24 yn de A, 18 yn de B, 21 yn de C en 12 manlju yn de D-klasse. De lźste klasse hat mei fźste partoeren trije kear tsjin elkoar keatst en de priiswinners dźrfan steane op de foto sūnder krāns.

De moarns wie it earst sa’n 13 graden en mar krekt droech, mar de middeis war it better en hienen se om en naby 19 graden. It bleaun bewolkt, in bytsje wyn, mar prachtich keatswaar. Omdat Foppe de Vries noch yn Canada sit mei fakānsje, hat Minne Soepboer de wedstrydlieding ek dien en dat wie yn goeie hānnen by him.

Johan van der Veen, de kening fan de B-klasse, siet no yn de A-klasse en hie direkt de krāns. Omdat Siete Wassenaar mar twa kear wūn, hat Johan no ek de leiding yn it klassemint. De partoeren 65 en 66 wienen klear om 15.20 oere! Op de stān 5-4 (6-4) moast Jan Wagenaar fan partoer 65 opslaan mei in keats fan sa’n 20 meter en brocht de bal foaryn by Albert Dijkstra. Dy hie in knapper, sadat syn maat Skelte Poelstra trije kear wūn hie.

Piet Bosgraaf rikte om 15.45 oere de fleisprizen śt oan ūndersteande keatsers, dy trije kear wūn hienen. Oer 14 dagen op 22 juny geane de 55plussers wer nei it fjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert.

A-klasse : 1e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 2e. Piet de Groot, Mullum.

B-klasse: 1e. Monte Hallema, Frentsjer. 2e. Daan Groen, Hallum. 3e. Bart Limburg, Wolvegea. 4e. Meint Steegstra, Ferwert.

C-klasse: 1e. Marten Bergsma, Reduzum. 2e. Skelte Poelstra, Hijum.

D-klasse: 1e. It partoer Jan Hoekstra, Gytsjerk, Albert Dijkstra, Gytsjerk en Heinz Palsma, Seisbierrum.

« Terug