De priiswinners mei de krāns, flnr.: Oeds de Roos, Willem van der Meulen en Meint Steegstra.
De 55+keatsers hawwe op woansdei 18 augustus wer keatst yn Ljouwert en yn de C-klasse wūn in man fan 85 jier!.
Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 72 op de list.
It wie droeg waar, earst net te folle wyn en de loft licht berūn mei in temperatuer krekt boppe de 20 graden, koartsein prachtich keatswaar. Letter kaam der mear wyn, mar op it smūke Sonnenborgh merke jo der net sa folle fan.
Om 15.40 foel de lźste slach. Der lei in keats fan 14 meter en Ynze Stienstra fan partoer 70 moast opslaan by de stān fan 3-5 (2-6). Yn it perk stienen de twa Goutumers, Wim Bosklopper en Ale Mosselman, en dy tochten dat de bal būten gean soe, mar de bal foel krekt 5 cm binnen de line. Sadwaande wūn partoer 70.
Jan Veenstra en Oeds de Roos wienen gelyk mei de tsjinearsten. Sadwaande moasten de tsjinpunten fan de lźste earsten yn de trije partijen de trochslach jaan.
Om 16.00 oere koe Foppe de Vries de fleispakketten śtrikke oan ūndersteande keatsers, dy trije kear wūn hienen.
Oer twa wike op woansdei 1 septimber geane de 55plussers nei it keatsfjild fan de keatsferiening Sneek op it Sportcentrum Schuttersveld.
A-klasse:
1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Jan Veenstra, Apeldoorn.. 3e. Oeds Broersma, Wytmarsum.
B-klasse:
1e. Meint Steegstra. Ferwert. 2e. Wiep Hasz, Dronryp. 3e. Klaas van Dijk, Harich. 4e. Henk Porte, Ljouwert. 5e. Oeltsje Velstra, Idaard.
C-klasse:
1e. Willem van der Meulen, Drachten. 2e. Sjouke Herrema, Hoorn.
