contact zoeken wedstrijden

JONG FEINTE 2010; Tsjummearum wint 6e edity

Tsjummearum wint de 6e edysje fan de Jong-Feinte. De finale brocht net hielendal wat elts der fan ferwachte hie, mar it begjin wie moai. foto Henk Bootsma fotografie

St Anne pakt de lieding as Hans kwea útslacht. Arnold slacht syn útsleine opslachbal sels werom yn it perk, 1-1. Dan pakt Tsjummearum twa earsten en nimt mei 1-3 de lieding. It spul kenmerket har troch foaral hurd opslachwurk en in soad slaan op de boppe en dat slagget ek in soad. Opfallend wie it tûke tuskenspul fan Pieter Jan Plat wat we einliks de hiele dei wol sjoen ha. St Anne komt op 2-3 as Sjoerd de bal op de lofterhân slacht fan Steven dizze bal heal rekket sa’t in sitbal wurdt. Mar dernei is it Tsjummearum die trochset en mei help fan St Anne, pakke se twa skjinne boerdsjes. De 2-5 komt as Sjoerd trije kear bûten slacht mei in 0-2 efter. Ek it lêste earst is skjin en mei in sitbal fan Arnold, oer de hiele dei geweldich opslein, wurdt Tsjummearum de winner fan de sechsde Jong-Feinte. Steven de Bruin fersoarge goed de twadde opslach en Hans wie sterk yn it efterperk en op de boppe. Se keatsten hjoed konsintrearre en hienen net in maklik paad nei de finale (Makkum, Easterlittens, Dronryp, Makkum 2). St Anne wie hjir ferline jier noch winner fan it NK Jonges en no in 2e priis op de Jong-Feinte. Dit partoer sjogge we seker noch in oantal jierren werom. Makkum 2 keatste har nei in moaie 3e priis ta. Foar it omhingjen fan de krânsen wienen de winners fan de Jong-Fammen, de froulju fan Ie (Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken) útnoege en sa stienen der trije knappe froulju foar Arnold, Steven en Hans! Dernei waard troch Jan Hiemstra de wikelpriis útrikke oan de coach fan Tsjummearum. In tige slagge sechsde edysje fan de Jong-Feinte! It waar siet geweldig mei en in soad publike belangstelling. Mein 24 partoeren in moaie list en dochs misten we in soad junioaren. Derom wolle we yn 2011 besykje mei noch in nij ynisjatyf te kommen, foarôfgeand oan de Jong-Feinte. Letter mear deroer! Utslach 17) St. Anne - 4) Tsjummearum 2-5:0-6 1. Tsjummearum: Arnold Zijlstra, Steven de Bruin, Hans Wassenaar 2. St Anne: Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat, Jeroen Westra 3. Makkum 2: Rienk Veltman, Hendrik Jan vd Velde, Steven van Gorssel

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers